“Do you hate Ireland, Kevin?” Ierske sjoernalist ûndersiket fake news fan ekstreemrjochts

Op it Ierske plattelân binne yn ferskate doarpen demonstraasjes tsjin de komst fan flechtlingen. De Ierske ûndersykssjoernalist Kevin Magee makke in trijedielige dokumintêre foar de Ierske omrop TG4 mei de titel A hundred thousand welcomes.
Dêryn toant hy oan dat dy protesten net spontaan wienen, mar organisearre waarden troch in lytse groep minsken út ekstreemrjochtse hoeke. Syn film wûn in Europeeske priis en is freed en sneon te sjen by Omrop Fryslân yn it programma DOKtober.
Yn dizze earste útstjoering fan DOKtober giet Karen Bies yn petear mei ûnder oare Kevin Magee. DOKtober is op freed om 19.30 oere en op sneontejûns op deselde tiid te sjen. DOKtober stiet ek 14 dagen online op de webside en app fan Omrop Fryslân. Mear ynformaasje en it folsleine programma is te finen op de temapagina fan FryslânDOK.
A hundred thousand welcomes is in âlde, typysk Ierske útdrukking dy't de gastfrijheid fan it lân toant. Magee freget him yn syn dokumintêre ôf, oft dy siswize noch hieltyd jildt as it giet om de opfang fan flechtlingen.
Ierlân telt 5 miljoen minsken. Ungefear 100.000 dêrfan binne flechtlingen en asylsikers. Sa'n 80.000 minsken út Oekraïne en de rest út oare lannen. De dielnimmers oan de demonstraasjes binne benaud dat de komst fan migranten te'n koste giet fan de soarch en it ûnderwiis foar de Ierske befolking.

Kevin Magee besiket út te finen wêr't de eangst op basearre is. Ut syn ûndersyk wurdt dúdlik dat de feiten oars lizze as dat de demonstranten tinke. De protesten binne oeral yn it lân, foaral op it plattelân.
Ekstreemrjochts
Neffens Kevin Magee wurde dy demonstraasjes organisearre troch 4 of 5 minsken fan de 'far right wing', ekstreemrjochts. Sy besykje meistanners te krijen troch 'fake news' te fersprieden op social media en sa yn de polityk poat oan de grûn te krijen.
De Iersktalige searje 'A hundred thousand welcomes' is spesjaal foar DOKtober yn it Nederlânsk ûndertitele. Alle trije dielen binne online te sjen. Yn in ynterview fia in fideoferbining, dy't Karen Bies mei Kevin Magee yn Belfast hie, leit hy út wêrom hy dizze searje meitsje woe.
In ynterview mei Kevin Magee
Yn de searje 'A hundred thousand welcomes' is te sjen hoe't Magee nei de demonstraasjes ta giet om te filmjen. De konfrontaasjes binne behoarlik heftich. Op de fraach hoe't hy hjirmei omgiet, seit Magee:
"Ik woe sjen litte wa't de haadrolspilers binne dy't desynformaasje ferspriede, en toane hoe't sy te wurk geane. De iennige wize is om dizze minsken streekrjocht oan te sprekken. Ik fyn dat de bêste sjoernalistyk. Sa fielt de sjogger en harker wat der wier oan de hân is."

Hy krijt fijannige reaksjes, minsken roppe dat de sjoernalist in liger is, betelle troch it regear. Hy wurdt belaagd troch in groep, se roppe: 'Do you hate Ireland, Kevin?'
Magee wurdt net benaud fan ditsoarte bedrigings. "Ik wurkje al tritich jier as sjoernalist yn Belfast. Ik ha The Troubles yn Noard-Ierlân fan tichteby meimakke. Wat hjir gebeurt by dizze demonstraasjes, fielt op syn heechst 'uncomfortable'."

De trijedielige dokumintêresearje fan TG4 'A hundred thousand welcomes' is troch CIRCOM, de Europeeske omroporganisaasje, yn 2023 bekroand mei de earste priis yn de kategory 'Investigative journalism'.
Foar Magee fielt dat as in moaie erkenning: "I am very pleased about it. Sjoernalist wêze is faak iensum wurk. Om wurdearring te krijen fan myn Europeeske kollega's, jout my enerzjy foar myn folgjende dokumintêre."
Taheakke: de trije dielen fan 'A hundred thousand welcomes'
Diel 1 fan A hundred thousand welcomes