Kickbokser Martin Terpstra komt net yn aksje, kwalifikaasje Glory Grand Prix liket fan de baan

Martin Terpstra © Glory
Kickbokser Martin Terpstra komt sneontejûn net yn aksje yn Bulgarije. De Damwâldster is sadanich blessearre dat er net fjochtsje kin.
It gefjocht tsjin de nûmer fjouwer fan de wrâld Levi Rigters wie de lêste kâns fan Terpstra om him kwalifisearje te kinnen foar it prestizjeuze Glory Grand Prix toernoai.
Terpstra wurdt ferfong troch Moldaviër Ion Taburceanu.