Himmelaksje Skjin Wetter úteinset yn Frjentsjer, hûnderten frijwilligers yn it spier

© Arjen Bosselaar, Omrop Fryslân
Yn Frjentsjer is sneon de sânde edysje fan Skjin Wetter úteinset. Kommende wike romje hûnderten frijwilligers op ferskate plakken yn Fryslân swalkôffal op dat yn en om it wetter leit.
It is in inisjatyf fan de Friese Milieu Federatie, Wetterskip Fryslân en njoggen gemeenten. Oan it Bolwurk yn Frjentsjer mocht wethâlder Kees Arendz de ôftraap dwaan troch in fyts út 'e grêft te fiskjen. Dat wie net tafallich, want de fyts wie in pear minuten dêrfoar oan in tou yn it wetter hongen.
It wetter yn Frjentsjer is himmele foar de aksje Skjin Wetter
Nei it offisjele begjin lieten skouts fan skoutinggroep Andromeda sjen dat der echt fytsen yn 'e grêft lizze yn Frjentsjer. Sy hellen binnen in healoerke twa fytsen en twa winkelkarkes út it wetter. Neist de skouts kamen ek frijwilligers op in sup, in kano of mei boatsjes yn aksje.

Mikroplestiks

"Fuortsmiten plestik falt oer de tiid útinoar. Sa ûntstean mikroplestiks en dat is fansels net goed foar de natuer", seit organisator Lemke Statema fan de Friese Milieu Federatie. "Dêrom is it goed dat al dit guod de kommende wike út it wetter helle wurdt."
© Arjen Bosselaar, Omrop Fryslân
"Boppedat wolle wy safolle mooglik guod dat we sammelje besykje op 'e nij te brûken. Troch it te recyclen by Omrin hoopje we dat der wer oare produkten fan makke wurde kinne", leit Statema út.

Juttershúske

De kommende wike hâldt Skjin Wetter op ferskate plakken yn 'e provinsje himmelaksjes. De meast opfallende en bysûndere fynsten binne fan takom wike ôf te sjen yn Natuurmuseum Fryslân. Dat sil dêrfoar in spesjaal juttershúske ynrjochtsje.
De kâns is grut dat der ek fynsten út Frjentsjer by sitte. Want yn twa oerkes tiid binne dêr fannemoarn ûnder oare fytsen, winkelkarkes, in bernewein, in hiel soad plestik, in boartersguodboatsje en in surfplank út it wetter helle.