Liveblog
|
8 oktober
Ferlies Flyers en Feanfroulju | Steenbergen krekt bûten de medaljes
Yn dit liveblog hâlde wy dy op de hichte fan de lêste ûntwikkelingen oangeande de sport yn Fryslân.
Lêst bywurke: 8 oktober, 21:31
snein 8 oktober
21:31
Flyers ferlieze wer
De UNIS Flyers ha hjoed foar de twadde kear dit wykein ferlern. Yn Geleen wienen de Eaters Limburg mei 7-1 te sterk.
Yn de earste perioade koene de Flyers de skea noch beheind hâlde ta ien tsjintreffer, mar dêrnei gong it hurd. De thúsploech rûn út nei 5-0. In kertier foar tiid die Lowie Vreys noch wat werom, mar dêrnei skoarde Geleen ek noch twa kear.
It is it twadde ferlies op rige foar de Flyers. Juster wie it Dútske EG Diez-Limburg op It Hearrenfean mei 8-4 te sterk. Ferline wike wûnen de Flyers noch harren earste twa kompetysjewedstriden fan it nije seizoen.
19:33
Steenbergen krekt bûten de medaljes
Marrit Steenbergen is by de wrâldbekerwedstriid yn Berlyn fjirde wurden op de 100 meter frije slach. De swimster út Easterwâlde finishte yn 53,86. De winst gong nei Siobhán Haughey út Hong Kong. Sy die der 52,02 oer, in tiid dy't earder dit jier goed west hie foar goud op it WK. Doe waard Haughey lykwols twadde. Steenbergen pakte dêr it brûns op dizze ôfstân.
Flak nei de 100 meter frij kaam Steenbergen opnij yn aksje. Op it slotnûmer, de 200 meter wikselslach, waard se sânde yn in tiid fan 2.17,44. Op it WK, ôfrûne july, einige se ek al op plak sân. De winst gong hjoed nei de Australyske Kaylee McKeown, yn 2.10,76.
15:17
Wer ferlies Feanfroulju

It frouljusteam fan sc Hearrenfean hat hjoed ek syn tredde wedstriid fan it seizoen ferlern. ADO Den Haag wûn mei 2-0 en naam de punten mei nei hûs.
De einstân stie al by it skoft op it skoareboerd. Manon van Raay iepene nei twa minuten de skoare, in healoere letter ferdûbele Lobke Loonen de foarsprong foar de besikers.
Nei trije wedstriden is Hearrenfean dus noch puntleas. Oare wike geane de Friezinnen op besite by Ajax, dat sân punten hat.
09:28
Nederlânske follybalteam ferliest fan Argentinië
It Nederlânske follybalteam mei Bennie Tuinstra fan Snits hat de lêste wedstriid by it olympysk kwalifikaasjetoernoai yn Sina mei 3-0 ferlern fan Argentinië. De setstannen wiene 25-17, 27-25 en 25-22.
Nederlân wie al útskeakele as it giet om pleatsing foar de Olympyske Spelen takom jier yn Parys. De kânsen foar Nederlân binne noch net hielendal fersjoen, want der binne noch fiif olympyske tickets te ferdielen. Dat bart yn juny takom jier op grûn fan de wrâldranglist.
sneon 7 oktober
22:31
LWD Basket slút minne Fryske sportdei yn styl ôf
It wie hjoed in bytsje de min-nijssjo wat de Fryske sport oanbelanget. Gjin medaljes foar Marrit Steenbergen (swimmen) en Berder Ludema (judo), in lykspul foar Harkemase Boys en sc Hearrenfean en nederlagen foar Bûtenpost, Friso Snits en de UNIS Flyers. En no komt dêr LWD Basket ek noch by.
De Ljouwerter basketballers sleepten in ferlinging út it fjoer tsjin Feyenoord (76-76), mar dêryn wienen de besikers de sterkste: 85-94. Topskoarers oan de side fan LWD Basket wienen Kaleb Warner mei 19 punten en R. J. Gunn mei 16 punten.

22:29
Friso Snits ûnderút
We melden earder al dat it in fiifsetter waard by Sliedrecht Sport tsjin Friso Snits. In spannende wedstriid dus, mar foar de Snitsers spitigernôch net mei in goede ôfrin. Sliedrecht Sport wint de fiifde set mei 15-13 en pakt dus de oerwinning: 3-2.