Wer in coach ûnder fjoer by sc Hearrenfean: wat makket it dêr sa dreech?

Foppe de Haan, Johnny Jansen en Trond Sollied © Omrop Fryslân
Kees van Wonderen is alwer de achtste haadtrainer by Hearrenfean yn de lêste tsien jier. Nei fiif ferliespartijen op rige leit ek hy ûnder fjoer by de efterban. Wat makket Hearrenfean sa'n drege klup om te trainen?
We leinen dizze fraach foar oan trije âld-trainers fan sc Hearrenfean: Foppe de Haan, Johnny Jansen en Trond Sollied.
"Ik fyn Hearrenfean net in lestige klup, mar it sjit my ek net yn it sin dat we yn myn tiid fiif kear efterinoar ferlern hawwe", seit De Haan.

Unrêst yn bestjoerskeamer

Jansen hat wolris te krijen hân mei druk fan bûten. "We stonden op een gegeven moment zevende in de competitie, er was niks aan de hand. Maar als Cees (Roozemond, yn dy tiid algemien direkteur by sc Hearrenfean, red.) dan zegt: Dit moet beter en dat moet beter, dan zorgt dat wel voor onrust."
Het gerommel rondom de bestuurskamer, dat is het probleem bij Heerenveen.
Ald-Hearrenfeantrainer Trond Sollied
Trond Sollied, de man dy't Hearrenfean yn 2009 oan de KNVB-beker holp, wiist ek op bestjoerlike ûnrêst. "Het gerommel rondom de bestuurskamer, dat is het probleem bij Heerenveen. Dat bepaalt alles."
Johnny Jansen: hat yn totaal 22 jier by Hearrenfean wurke. Wie lang assistint, mar naam op 10 april 2019 Jan Olde Riekerink oer. Yn totaal wie Jansen 95 wedstriden haadtrainer fan Hearrenfean. Bêste klassearring: 10e (nei 25 wedstriden einige it seizoen fanwegen de coronakrisis).
Trond Sollied: wûn yn 2009 mei Hearrenfean de beker, mar moast it seizoen dêrop al nei 5 wedstriden de klup ferlitte. Bêste klassearring: 5e.
Foppe de Haan: is oer twa perioaden de langstsittende trainer yn de histoarje fan sc Hearrenfean (15 seizoenen). De Haan krige yn 1988 dien fan foarsitter Riemer van der Velde en waard opfolge troch Ted Immers. Hy helle yn 2000 mei Hearrenfean de Champions League troch twadde te wurden yn de earedivyzje.
Sjogge je as trainer in ûntslach oankommen?
Johnny Jansen: "Het kwam voor mij niet als een verrassing. Toen ik het gesprek had, wist ik dat ze zouden zeggen dat ze er óf direct óf aan het einde van het seizoen mee zouden stoppen."
"Weet je waar ik wel last van heb gehad?", giet Jansen fierder. "Ik wilde graag doorselecteren, maar er werd steeds gezegd: er is geen geld. Maar ik was nog niet de deur uit of er werd voor drie en een half miljoen euro geïnvesteerd."
Johnny Jansen © Orange Pictures
"It wie op in tiisdeitemiddei dat ik by Riemer komme moast", fertelt De Haan oer syn ûntslach yn 1988. "Hy sei dat it better wie om dermei op te hâlden, mar ik koe wol as parttimer by de klup oan 'e slach bliuwe. Doe trainde ik de beloften en de A1."
"Ik fûn it eins wol prima", seit De Haan. "Yn dy tiid wurke ik noch op it CIOS en as ik dan klear wie, gie ik gelyk troch nei it stadion en kaam ik pas om in oere as acht wer thús. Ik hie in wurkwike fan wol 100 oeren en wie sa wurch as in maits."
Watfoar druk fernimme je as trainer as je fiif wedstriden op rige ferlieze?
Sollied: "Dat is bij iedere club hetzelfde. Als je vijf keer op rij verliest, dan weet je dat iedere wedstrijd je laatste kan zijn."
Ik hield mezelf altijd voor: over drie weken kan alles totaal anders zijn en schoppen ze je de tent uit.
Ald-Hearrenfeantrainer Johnny Jansen
"Toen ik begon als hoofdtrainer, was iedereen positief, maar ik hield mezelf altijd voor: over drie weken kan alles totaal anders zijn en schoppen ze je de tent uit", fertelt Jansen. "Als het dan wat minder gaat, staat er van alles op internet, via-via krijg je dat natuurlijk wel te horen."
"Mei de krityk foel it wol ta", stelt De Haan. "Mar wat wolle je ek: as der 3.000 minsken yn it stadion sieten, wienen it der in soad. Allinnich in groepke dat op de Easttribune siet, makke altyd in soad leven, al wit ik net mear wat se allegearre rôpen. Tafallich kaam ik lêsten ien tsjin en hy sei dat hy der no spyt fan hat."
Foppe de Haan © Orange Pictures
Is Hearrenfean ien fan de dreechste klups fan Nederlân as trainer?
"Ik had een hele goede band met de directie (Yme Kuiper en Henk Hoekstra, red.)", stelt Sollied. "De supporters waren niet lastig en ik had een mooie groep. Het is de vijfde colonne die te veel macht heeft en dat werd uiteindelijk Yme en Henk te veel."
De supporters binne miskien in bytsje bedoarn.
It ferwachtingspatroan leit wat te heech, fynt Foppe de Haan
De Haan: "As it dak lekt, dript it ek op de earste ferdjipping en úteinlik reint it oeral. As der by de direksje hieltyd wikselingen binne, hawwe de oare ferdjippingen dêr ek lêst fan. En dan is der noch it hege ferwachtingspatroan, dêr't de histoarje absolút in rol yn spilet. De supporters binne miskien in bytsje bedoarn."
"Ik vind dat de leiding duidelijk moet communiceren wat de huidige situatie is. Je moet realisme verkopen. Je moet geen gouden bergen beloven, dat maak je toch niet waar", heakket Jansen oan.
Sollied wiist op it oankeapbelied fan de klup yn syn tiid. "Bij mij gaat kwaliteit voor kwantiteit. Ik wilde er graag twee goede spelers bij, waaronder Bryan Ruiz. Maar de scouting kwam met spelers die ik niet kende. Ik had geen invloed op de aankopen."
Trond Sollied nei it winnen fan de beker © Orange Pictures
De Haan: "Wy hawwe no folle minder goeie spilers as foarhinne en dat hat alles te krijen mei it finansjele tekoart. In ferlies fan 2 miljoen it jier is te oersjen, mar 6 of 7 miljoen is fierstente folle."
"Ik vind dat de clubleiding van Heerenveen nu moet opstaan", seit Jansen. "Dat ze zeggen: oké, we zitten in een mindere periode, maar we steunen elkaar. Dan straal je kracht uit."