Buma fynt situaasje flechtlinge-opfang ûnhâldber as spriedingswet der net komt

© Omrop Fryslân
Mei de weriepening fan it WTC foar 250 flechtlingen sit gemeente Ljouwert no echt oan de taks. Boargemaster Sybrand Buma wol lanlike aksje om de situaasje fan de flechtlinge-opfang hâldber te hâlden.
It telefoantsje fan kollega boargemaster fan Grins kaam ferline wike tongersdei as in oerfal, seit Buma. Oan gemeente Ljouwert waard frege de opfang yn Ter Apel te ûntlêsten.
It kolleezje liet de gemeenteried de moandei dêrop witte dat de gemeente Ljouwert plak makket yn it WTC foar maksimaal 250 flechtlingen. De earste bus mei flechtlingen kaam dyselde jûn noch.
Sybrand Buma wie oerfallen troch fersyk opfang mear flechtlingen
In part fan de gemeenteried wie der min oer te sprekken dat Buma mei in soarte fan needfoech 'ja' sein hat tsjin de komst fan de oerrinlokaasje.

Urginsje

Buma jout oan dat der urginsje siet achter it beslút: "Het is een noodbesluit geweest en was ook voor mij een overval. We hebben de raad zo snel mogelijk geïnformeerd. Je moet toch eerst samen met onder andere de politie en je eigen organisatie kijken naar: kunnen we dit aan?"
It alternatyf wie neffens Buma dat flechtlingen op it gers sliepe moasten.
© Gerco van Beek
In minderheid fan de partijen fûnen dochs dat de ried ynspraak hân moatten hie yn it beslút. De Ljouwerter FNP en Lijst058 besleaten út protest sels net nei de ynformaasje- en debatjûn te kommen op de dei dêrnei.
Dêr is Buma net oer te sprekken: "Als je het er als politieke partij niet mee eens bent, moet je naar de raad komen en het debat voeren, dat je wegblijft vind ik niet zo sterk."
Yn novimber 2022 besleat de gemeente Ljouwert de hieroerienkomst mei it COA fan it WTC net te ferlingjen.
De flechtlingen moasten út it gebou wei en nei Heliconstate yn Ljouwert of werom nei Ter Apel. De omstannichheden wiene neffens Buma te min om troch te kinnen.
Nei dit beslút sit Ljouwert wol oan de taks. It wie no it gefal dat it COA ûnderwiis en soarch foar de flechtlingen op har nimme koe dat Buma dochs ynstimde. "Ik heb wel gezegd, als er weer een keer zo'n verzoek komt in het komende halfjaar, dan kunnen we niet nog eens accepteren."

Draachflak

Neist hoe't it beslút naam is, liket ek it draachflak foar in opfanglokaasje ôf te nimmen. "Draagvlak is altijd een probleem geweest. De discussie wordt heftiger als het probleem zo groot is als nu."
Dochs fernimt Buma út ûnderfining dat de tsjinstân faak grutter is by de oankundiging fan in opfanglokaasje as wannear't de flechtlingen der ien kear binne. "Op de plekken waar het gekomen is in Fryslân wordt het vaak heel goed gedragen door de omgeving, wanneer de overlast niet of minder blijkt dan gedacht."
Sybrand Buma oer de situaasje yn Heliconstate
It WTC stie bekend om de minne omstannichheden. Yn in oare Ljouwerter opfanglokaasje, Heliconstate, binne ek net alle bewenners tefreden oer de situaasje. Nei meardere protesten spruts in bewenner him dizze wike út yn de ried.
Buma heart lykwols oare ferhalen. "Dat beeld is totaal niet wat wij van andere bewoners terugkrijgen. Op zichzelf is Heliconstate op de lijst met opvangen een heel redelijke opvang. Het blijft een verbouwd kantoor waar mensen met anderen op een kamer moeten zitten."

Fêstrinnend systeem

De flechtlingen protestearje ek tsjin de lange wachttiid foar't sy in ferbliuwsfergunning krije kinne. Dat is neffens Buma in foarbyld fan it lanlike fêstrinnende systeem. De IND en it COA hawwe beide te min minsken om de prosedueren byhâlde te kinnen.
Buma tinkt dat de lanlike opfang net hâldber is as it sa trochgiet
As de ynstream en it opfangsysteem sa trochsette, giet it aanst net mear, seit er: "Als burgemeester kijk ik wat aan de hand is, en ik geloof zeker dat dit op termijn niet houdbaar is. Mensen wachten te lang maar we doen wat we kunnen. Dat kunnen we niet beter maken."
Dat leit neffens him mei oan de hege ynstream. "Op dit moment komen er meer dan we aankunnen. Als je een goeie opvang wilt hebben kunnen we dit niet volhouden." Mar de wichtige oplossing op dit stuit soe dochs de spriedingswet wêze, seit Buma.

Net hâldber sûnder spriedingswet

"De mensen die in Nederland zijn kunnen een plek krijgen als gemeenten echt mee gaan doen. Als dat niet gebeurt dan blijven het de noordelijke provincies die het meeste doen, dan blijft het de regio, terwijl de randstad echt meer kan doen."
It soe net allinnich foar de flechtlingen de bêste opsje wêze, ek foar de omjouwing fan Ter Apel, fynt de boargemaster. "De omgeving van Ter Apel staat onder grote druk. Als de rest van de gemeenten dan zegt: 'hier komen ze niet', dat vind ik niet kunnen.