Ferburgen Ljouwerter hofkes wurde iepensteld: "In kleasterêftige sfear"

It is presys 400 jier lyn dat yn Ljouwert it Ritske Boelema-gasthûs foar âlderein iepen gie. Dêrom is der sneon in iepen dei by ferburgen hofkes yn de stêd. Besikers kinne dêr de sfear fan histoaryske wenninkjes foar earme froulju priuwe.
Oan de Monnikenmuurstrjitte stiet it gebou dêr't it gasthûs yn 1623 ta stân kaam. Ek de hjoeddeiske fâdekeamer oan de Twabaksmerk stiet iepen. Dêr is ek de grêfstien fan Ritske Boelema, dy't yn 1547 ferstoar yn in frij ûnbekend Ljouwerter hôf.
Boelema
Boelema liet in grut jildbedrach nei foar de húsfesting fan earme, âldere froulju. De histoaryske sfear is neffens Bert Looper fan de stichting Ritske Boelema Gasthuis ek yn dizze tiid noch folop oanwêzich.
Ferburgen
"Yn Nederlân binne al dy hofkes toeristysk hiel bekend. Hjir yn Ljouwert hawwe we ek prachtige hofkes fan de Sint Anthony Broederschap en sa. Mar dit hat wat in ferburgen plakje west, dy't we mei de iepen dei sjen litte kinne."

Noch hieltyd wenje der minsken yn it eardere gasthûs. Janke de Boer is ien fan de tefreden bewenners. "Het is heel mooi wonen hier en je voelt altijd die geschiedenis", fertelt se.
"In de woonkamer alleen al heb ik in mijn eentje de woonruimte van vier kleine appartementjes waar arme, oude weduwen woonden. Die dames hebben eeuwenlang allemaal ellende meegemaakt. Als de muren konden praten, ja dat voel je."
Ferhuzing
Yn 1859 is it gasthûs fan de Monnikemuurstrjitte ferhuze nei de Twabaksmerk. "Dat is in modern gebou út 1982 mei wer sa'n binnenterrein mei in bysûndere sfear", seit Looper, dy't lêzingen jaan sil op de iepen dei. "De bûtenkant is hiel strak en binnenyn hearsket in kleasterêftige sfear.
Yn it hôf leit de grêfstien fan Ritske Boelema, dy't nei de oarloch pleatst is. Dy komt út de Galileërtsjerke dy't der njonken stie.
"Ferburgen foar it pubyk leit hjir in keunsthistoarysk monumint en in prachtich foarbyld fan renaissance-keunst yn Fryslân yn de 16e iuw", seit Looper. "Benedictus Gerbrands, ien fan de grutte keunstners, hat dizze ryk fersierde sark foar Ritske Boelema makke yn 1548."

En Boelema sels ynspirearret nei in heal millenium ek noch hieltyd. "Hy hat de start fan de earmesoarch mooglik makke en dêr gean wy mei fierder", leit Looper út. "De stichting is 500 jier âld. Yn dy tiid binne der besittingen en lân opboud en wy hawwe in oandieleportefúlje."
Goede doelen
Mei it jild dêrfan stypje se in hiele protte doelen yn Fryslân. "Dat kin in brassband, in toanielferiening of in âldereinklup wêze. Mar we spandearje it jild net mear oan húsfesting. Dat is troch de sosjale wetten fan de jierren 60 oant en mei 80 sa feroare dat dat by oare klups sit. Mar it jild giet altyd noch nei goede doelen."
De iepen dei is sneon fan ien oant fiif oere middeis. Der binne stedskuiers by de lokaasjes del en de moaiste argiven binne te besjen. Der is ek in publikaasje oer de skiednis fan it gasthûs te krijen.
