Sjongende fûgels en geurblokjes: studinten tinke nei oer in noflikere busreis

© Wendy Kennedy
It is in opfallende ferskining: ien fan de elektryske bussen fan Arriva mei in sêftgriene kleur. It is in ûntwerp fan twa studinten fan hegeskoalle NHL Stenden. Sy ûndersykje foar Arriva hoe't it reizgjen mei de bus better kin.
Studinten Joeri van der Vinne en Rick Kootstra hawwe it ûntwerp makke en traapje hjirmei dit spesjale projekt tusken Arriva en NHL Stenden ôf. "It grien ferwiist nei de natuer en lit sa de studinten witte dat mei de bus reizgje in duorsume keuze is", sa leit Rick út.
Sjongende fûgels yn de bus
Mei felkleurde tape hawwe de studinten ek in proef dien yn de bus. "De doorstroming is niet altijd goed, daarom bedachten we de palen in de hele bus opvallender te maken", fertelt Joeri. Mei as doel minsken nei de peallen te lokjen yn de hiele bus.

Fûgellûden

En dy muffe geur yn de bus as it reind hat? Ek hjir hawwe se wat op betocht. Geurblokjes, sadat it nofliker rûkt. Ek hawwe se lûden fan fûgels opnommen om yn de bus hearre te litten. "We binne der achterkaam dat rêstjouwende lûden it goed dogge yn de bus."
De studinten drage no it stokje oer oan nije studinten, dy't de bus wer fierder ferbetterje mei nije ideeën. Dat is wat Mathijs Rutten fan NHL Stenden sa moai fynt oan dit projekt. "De studenten zijn bezig met echte opdrachten, die ergens het verschil kunnen maken."

Proeftún

Arriva stelt in elektryske bus ta beskikking oan de studinten as soarte fan proeftún. It bedriuw hopet hjir in soad moaie konkrete ideeën en oplossingen oan oer te hâlden.
"Met name op het gebied van duurzaamheid, zoals bijvoorbeeld de bekleding als de bus weer moet worden ontmanteld. Hoe kun je dat zo duurzaam mogelijk doen", sa fertelt Milfred Hart fan Arriva.