HEA! Wol wolle, mar net mear kinne

HEA! Wol wolle, mar net mear kinne
In âlderwetske draaitelefoan en ferskate buordsjes mei teksten fersiere de scootmobyl fan René van der Horst. Mar it ferhaal fan de Jouster is minder fleurich.
Troch in útbehannele sykte is hy beheind yn syn dwaan en litten. Wylst Van der Horst noch wol fan alles dwaan wolle soe.
Hy fynt himsels noch altyd wol wat ûndogens en wyld, en ek wol gelokkich, nettsjinsteande syn beheinings. "Ik ben op de vlucht, laat me er door", is dan ek op it buordsje achterop syn scootmobyl te lêzen.