Ljouwerter flearmûzen krije in grot om yn te oerwinterjen

Yn de Ljouwerter wyk Westeinde is in winterferbliuw foar flearmûzen makke. It giet om in tsien meter lange grot, dy't mei help fan frijwilligers oanlein is.
It is in inisjatyf fan de kommisje Leefomgeving fan it wykbelang, mei mooglik makke troch de gemeente Ljouwert.
Om enerzjy te besparjen is der hieltyd minder romte yn huzen en gebouwen foar flearmûzen. Dêr is dit winterferbliuw oan in fiver in oplossing foar.
Ljouwerter flearmûzen krije in grot
De ferwachting is dat benammen de brune grutearflearmûs en de lytse flearmûs dêr winterdeis sliepe sille. Dat dy soarten der simmerdeis omfleane, is al earder útsocht. De temperatuer en de fochtichheid moat wol presys goed wêze, want it komt krekt.
IIsfûgel
Der is ek romte foar salamanders en kikkerts. En oan beide kanten fan de grot sitte iepeningen, dêr't in iisfûgel yn briede kin. Mei in wyldkamera wurdt kontrolearre oft de nije foarsjenning ek populêr is by it wyld.
