Margreet Jonker út partij set troch beskuldigingen rjochting partner

Margreet Jonker © Gemeente Dantumadiel
Ald-CU-steatelid Margreet Jonker hat net ynteger west mei beskuldigingen oan it adres fan har man. Dat docht bliken út in rekonstruksje dy't it Nederlands Dagblad makke hat.
Trije wike foar de ferkiezingen waard Jonker benadere troch ien mei ferhalen oer har partner, in gemeente-amtner en earder CDA-riedslid.
It bestjoer ferwyt Jonker dat sy harren nea ynformearre hat oer dy beskuldigingen, wylst sy tusken febrewaris en maaie fiif kear de kâns hie dat dwaan te kinnen, en moatten.
Jonker fûn dat sy it partijbestjoer net hoegde te ynformearjen om't de beskuldigingen gienen oer har partner, en net oer har. Boppedat gie it net oer strafbere feiten en oer in situaasje fan mear as fyftjin jier ferlyn. Doe hie Jonker noch gjin relaasje mei har partner.

Skorsing

Ek soe sy neffens it bestjoer net genôch tiid en omtinken oan de kleier jûn hawwe. In foarbyld: Jonker fersette in ôfspraak foar in moeting mei de kleier troch drokte om de formaasje hinne.
Dêrop hat de kleier trije moannen letter in klacht yntsjinne by it bestjoer oer hoe't Jonker mei de ynformaasje omgie. De skorsing fan Jonker dy't folge wie folslein basearre op de wize wêrop't Jonker mei de kleier omgien is, en net op basis fan de beskuldigingen oer har partner seit it lanlik bestjoer fan de ChristenUnie.
Nei in ûndersyk fan it advysburo Necker van Naem yn de simmer hat it bestjoer Jonker opdroegen har sit yn de Provinsjale Steaten op te jaan. Jonker is dêrop út de partij stapt en yn berop gien by de skelekommisje.