Flechtling Heliconstate sprekt yn by ried Ljouwert: "We wolle gjin wûnder, mar gerjochtichheid"

Rizan Ibrahim sprekt yn by de gemeenteried © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Rizan Ibrahim wol gjin wûnder, mar gerjochtichheid. Dat wie syn boadskip oan de gemeenteried fan Ljouwert woansdeitejûn. It is de earste kear dat in flechtling út in needopfang gebrûk makket fan it rjocht fan boargeragindearring yn 'e ried.
Ibrahim, in Syryske Koerd, is flechte en wennet sûnt ein ferline jier yn de needopfang Heliconstate yn Ljouwert. Nei hast in jier easkje de libbensomstannichheden harren tol, seit er. Sawol fan him as fan meibewenners.
Dêrom hat de flechtling betocht om gebrûk te meitsjen fan it rjocht dat elke Ljouwerter hat: de boargeragindearring. In healoere sprekrjocht om in probleem of kwestje oan de gemeenteried foar te lizzen.
It libjen yn de needopfang Heliconstate is tige swier, seit Rizan Ibrahim
Tegearre mei in tolk sketste Ibrahim woansdeitejûn de libbenssituaasje fan him en sa'n 350 meibewenners, wêrûnder bern. Sa diele bewenners al skoften harren sliepromte mei frjemden, binne der neffens him te min húskes en dûsen foar it tal minsken en ûntbrekt it oan rekreative mooglikheden foar bern.
Dêrneist soarget it gebrek oan perspektyf op in oare takomst foar in soad stress ûnder bewenners.

Psychologyske effekten

"Dat is wol in obstakel", seit Ibrahim. "Ik libje hjir no in jier. As foarbyld: ik wol trochgean mei myn stúdzje. Mar sûnder ferbliuwsfergunning giet dat net, dat kostet noch wol in jier. Dus dan ferlies ik twa jier fan myn stúdzje. En autorydlessen nimme, kin ek net sûnder papieren. It binne simpele foarbylden. Mar ek op de bern dy't nei skoalle moatte, hat it grutte psychologyske effekten."
Freedsum protest fan de bewenners yn july © Omrop Fryslân
Mei tsientallen oare flechtlingen út Heliconstate kaarte Ibrahim dit probleem al earder oan. Bygelyks mei in protest op it Aldehoustertsjerkhôf, ôfrûne simmer. Neffens him waard dat net opmurken troch riedsleden.
"Wy hawwe mei hûndert minsken protestearre, mar der hat net ien lústere. En no besykje we it by de gemeente. Dit is it heechste oerheidsnivo, dat wy as flechtlingen berikke kinne."
Yntegraasje is net allinnich: nei skoalle gean, in hûs hawwe of in normaal libben hawwe.
Rizan Ibrahim
Ibrahim sjocht it ek as in foarm fan yntegraasje om mei te dwaan oan it demokratyske proses en hopet mei de aksje oaren te motivearjen.
"Yntegraasje is net allinnich: nei skoalle gean, in hûs hawwe of in normaal libben hawwe", seit er. "Je moatte ek je rjochten kenne. Yn in demokrasy libje en frijheid fan mieningsutering binne foar my de belangrykste prinsipiële wearden."
De needopfang yn de Heliconstate © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Nei de útiensetting fan Ibrahim kamen der ferskate fragen út de ried. Wat de ried dwaan kin (GrienLinks) en oft it mooglik is om in wurkbesite te bringen oan Heliconstate (PvdA ). By foarkar yn it bywêzen fan COA (D66) en (neffens ChristenUnie) de ferantwurdlik wethâlder, Nathalie Kramers.

Ferfolch

Fanwege de beheinde tiid en it tal fragen oan Ibrahim, is besletten om op in oar momint wer yn petear te gean yn de ried. Al of net oanfolle mei in besite oan Heliconstate. In ûnferwachte draai, sei Ibrahim nei ôfrin, mar wol in hoopfolle.