Fries Film Archief út 'e skroeven mei nije scanner: "Droom die uitkomt"

Jurjen Enzing fan it Fries Film Archief mei de nije 4K-scanner © Omrop Fryslân
Mei de oanskaf fan in saneamde 4K-scanner hat it Fries Film Archief in grutte stap set yn de fierdere digitalisearring fan de Fryske skiednis. Mei it nije apparaat kinne âlde filmbylden sa bewurke wurde dat se ek yn de takomst yn goeie kwaliteit werom te sjen binne.
De winsk foar de nije scanner wie der al langer. "Het voelt voor ons een beetje alsof kerst en sinterklaas gelijktijdig zijn gekomen. Dit ding stond al heel lang op ons verlanglijstje", seit koördinator Jurjen Enzing.

Dream dy't útkomt

Net folle organisaasjes of bedriuwen ha in scanner sa't it Fries Film Archief no hat. "Wij denken dat dit de enige in heel Fryslân is. Dit is een droom die uitkomt."
De nije 4K-scanner fan it Fries Film Archief © Fries Film Archief
Oant no ta moasten meiwurkers fan it Fries Film Archief materiaal dat se ferwurkje woenen nei Grins ta bringe om te digitalisearjen yn 2K of 4K. Dat is no foarby. "Het is een grote investering, maar we besparen er ook veel geld mee omdat we alles nu in eigen huis kunnen doen", seit Ensing.

Makke yn Berlyn

De masine is yn juny ûntwikkele yn Dútslân. It apparaat is makke yn Berlyn en set 8 milimeter, 16 milimeter en Super 8-materiaal oer yn 2K- of 4K-kwaliteit.
"Het bedrijf waar wij dit hebben aangeschaft loopt internationaal voorop in het digitaliseren van videobeelden", fertelt in grutske Ensing.

Konservearje

Kwetsbere films hawwe net allegearre it ivige libben. "Sommige films vallen bijna uit elkaar. Door ze op hoge 2K-of 4K-kwaliteit over te zetten, conserveren we die video's ook voor de toekomst."
4K wurdt ek wol Ultra HD neamd. In Ultra HD-telefyzje hat bygelyks fjouwer kear safolle pixels (3840 by 2160) as in Full HD-telefyzje (1920 by 1080). Dêrtroch sjochst mear details. Dêrfoar is wol in HD-byldskerm nedich.
8mm-film stiet foar it filmformaat. De strook fan it filmmateriaal is acht milimeter breed. Dat standaardformaat foar de film waard yn 1932 op de merk brocht en wie minder djoer as de 16 mm-film. Uteinlik waard Super 8, wer in grutter formaat, de standert foar smalfilm yn de jierren '70.
De technyk yn de fideowrâld stiet net stil, dochs tinkt Ensing net dat dizze nije scanner oer in pear jierren alwer ferâldere is. "We kunnen hier sowieso tien of vijftien jaar mee vooruit."
It nije apparaat is yntusken útpakt en stiet yn it Fries Film Archief. Foar de ein fan it jier hoopje se dat de earste films der mei digitalisearre binne.