"Elts dy't him ynteressearret foar oare minsken, kin wille belibje oan DOKtober"

DOKtober: Karen Bies mei Douwe Dijkstra en Abdiwahab Ali © Omrop Fryslân
Oktober stiet yn it teken fan dokumintêres by Omrop Fryslân. Eltse wike is op freedtejûn DOKtober te sjen by Omrop Fryslân, presintearre troch Karen Bies. Wy fregen Karen alfêst wêr't wy nei útsjen kinne.
Karen, kinst wat mear fertelle oer wat DOKtober is?
"DOKtober is de temamoanne fan FryslânDOK dêr't wy net ús eigen dokumintêres yn sjen litte, mar júst oare makkers út binnen- en bûtenlân in poadium biede. We litte eltse freedtejûns twa films sjen en prate mei de filmmakkers en mei oare gasten."
Wêrom dogge jim dit?
"De FryslânDOK-redaksje makket sels ek alle wiken in dokumintêre foar Omrop Fryslân en NPO2. Mar we fine it ek wichtich om films fan oare makkers út oare regio's sjen te litten. Der giet nammentlik in wrâld foar dy iepen! En dochs stiet dy wrâld faak net iens sa fier fan ús ôf - dat ûntdekst troch dy films. Mei DOKtober krigest in byld fan wat der libbet yn oare lannen, by oare minsken. En eltse filmmakker hat in eigen wize fan sjen, filmjen en fertellen."
Dy is sá bysûnder makke, dêr sitst mei iepen mûle nei te sjen.
Presintator Karen Bies oer de film Buurman Abdi
Kinst wat fertelle oer hokker films der te sjen binne?
"Ut oare Europeeske lannen komme ek moaie bydragen. Bygelyks A hundred thousand welcomes út Ierlân, Dildotectonics út Portugal en Everything's fine, potatoes in line út Tsjechië. Dêrnjonken films fan Nederlânske makkers, lykas Filho dy't Tomas Ponsteen yn Brazilië makke hat. Henk, in waarme film oer in keunstner dy't wurket as konsjerzje op in skoalle.
En der is de de ûntwapenjende film Luc, oer in jonge dy't ûntsnapt út in sletten jeugdynrjochting. En net te ferjitten King Ridwan, mei yn de haadrol de Ljouwerter rapper Ridwan. Op de earste jûn fertoane we ûnder oaren Buurman Abdi fan Douwe Dijkstra en Abdiwahab Ali. Dy is sá bysûnder makke, dêr sitst mei iepen mûle nei te sjen."
DOKtober is eltse freedtejûn yn oktober op telefyzje te sjen om 19.30 oere. Op sneontejûns, deselde tiid, is de werhelling. DOKtober stiet ek 14 dagen online op de webside en app fan Omrop Fryslân. Mear ynformaasje en it folsleine programma is te finen op de temapagina fan FryslânDOK.
Hoe binne jim ta dizze films kommen?
"Wy wurkje foar DOKtober gear mei CIRCOM, de organisaasje fan Europeeske omroppen, PLONS! Filmfestival en New Noardic Wave. Wy hawwe út dizze hoeken in soad oanbefellings krigen. Tegearre mei einredakteur Annet ha wy sa'n 50 films sjoen om ta in seleksje te kommen fan films dy't neffens ús belangryk binne om harren maatskiplike tema's en wize fan fertellen."
"In goed foarbyld is A hundred thousand welcomes. Dy giet oer de eangst foar migranten, de ynfloed fan nepnijs - en dêrtsjinoer de minsken dy't flechtlingen opfange wolle."
Hasto in favoryt?
"Ik ha net echt ien favoryt. Mar ik wol jim graach wize op de Portugeeske koarte film Dildotectonics. Dy titel allinnich al! By de earste sêne dy'tst sjochst - it boetseren fan dildo's op in pottebakkerstafel - tinkst: wêr giet dit hinne? Uteinlik learst wer hiel wat mear oer it djipste geheim dêr't lesbyske froulju iuwen lyn yn libje moasten - net allinnich yn Portugal, mar oeral."
Hoe dogge jim dat, bûtenlânske films by Omrop Fryslân?
"Fansels wurde de films fan oer de grins Nederlânsk ûndertitele. Wat wol bysûnder is, is dat wy ek yn petear geane mei de makkers út Ierlân en Tsjechië. Sjoernalist Kevin Magee út Belfast bygelyks, hy praat Iersk. Ik sil him fan tefoaren online ynterviewe - dat doch ik dan wol yn it Ingelsk, fansels. Dat jildt ek foar it ynterview mei Piotr Jasinski, de regisseur fan Everything's fine, potatoes in line. Dy dokumintêre spilet him ôf yn in doarp op de grins fan Tsjechië en Poalen en giet oer de gefolgen fan in brúnkoal-myn foar de mienskip."
Wêrom soe ik sjen moatte?
"Do hoechst neat, mar ik sis: wêrom net? Oktober, al betiid tsjuster, is in hearlike tiid om jûns telefyzje te sjen. Elts dy't him ynteressearret foar oare minsken, foar oare kultueren, en foar wat der noch mear bart bûten it eigen, bekende wrâldsje, kin wille belibje oan it sjen fan DOKtober."