Liveblog | 5 oktober

112-nijs 5 oktober: Yllegale fazanten yn beslach naam | Frou (63) ferstoarn by oanriding Garyp

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 5 oktober, 21:20
21:20

Dyk tusken Dronryp en Frjentsjer ticht

De A31 tusken Dronryp en Frjentsjer is ôfsletten foar weinen heger as 5 meter. De dyk wurdt asfaltearre. Neffens Rijkswaterstaat mei it ferkear dat der wol del kin, gebrûk meitsje fan de flechtstrook.
It ferkear moat rekken hâlde mei in fertraging fan 10 oant 30 minuten. It asfaltearjen duorret oant freedtemoarn 06.00 oere.
21:15

Yllegale fazanten yn beslach naam yn Eaststellingwerf

Dizze fazant is yn beslach naam © FUMO
De Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing (FUMO) hat tongersdei tsien yllegaal hâlden fazanten yn beslach naam by in 29-jierrige ynwenner fan Eaststellingwerf. De fazant is in beskerme bistesoarte en mei net samar holden wurde.
De beskerming fan de fazant is yn Nederlân regele yn de Wet Natuurbescherming. Neffens dy wet meie fazanten allinnich hâlden wurde as se foarsjoen binne fan in sletten poatring. Dêrop stean gegevens foar de identifikaasje fan fûgels.
De fazanten yn Eaststellingwerf hiene dy ring net, dus binne se meinaam troch de griene boa's. De eigener krijt in proses-ferbaal.

Nei de fûgelopfang

De FUMO bringt de fazanten nei in spesjale fûgelopfanglokaasje, dêr't foar se soarge wurdt. As it kin, wurde de fûgels wer frijlitten yn it wyld. As dat net kin, wurdt der socht nei in plakje yn in permaninte opfang.
16:09

Identiteit slachtoffers ûngelok Garyp bekend makke

De helptsjinsten yn Garyp © ProNews Producties
By it slimme ûngelok op de Stinswei yn Garyp is justerjûn in 63-jierrige frou út Burgum om it libben kommen. De plysje meldt fierder dat in 58-jierrige frou út Garyp swierferwûne rekke by de oanriding.
De twa froulju rûnen op de dyk, doe't se oanriden waarden troch in auto. De frou út Burgum ferstoar op it plak fan it ûngelok, de frou út Garyp is swierferwûne oerbrocht nei it sikehûs.
Doe't de jongste frou holpen waard troch ambulânsepersoniel, koe se fertelle dat se net allinnich oan it kuierjen west hie. Plysjes giene dêrnei fuortendaliks op syk nei it twadde slachtoffer, mar sy wie al ferstoarn op it momint dat se har fûnen.
De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok. De bestjoerder fan de auto, in 53-jierrige frou út Garyp, wurdt heard oer hoe't de oanriding barre koe.
09:22

Man mei scootmobyl rekket fan de dyk

De scootmobyl wurdt út it wetter helle © AS Media
In bestjoerder fan in scootmobyl is fan 'e moarn by Wyns fan de dyk rekke. De scootmobyl kaam yn 'e sleat telâne, de man bedarre yn 'e greide. It slachtoffer is troch de helptsjinsten wer nei de goeie kant helle en oerbrocht nei it sikehûs.
De plysje hat de sleat noch trochsocht op persoanlike besittingen fan de man. It is net dúdlik oft se noch wat boppe wetter helle hawwe.