Imca van der Velde: "Ferhúzje nei Bonêre is emigrearje foar dummies"

Imca van der Velde op Bonêre © Imca van der Velde
Imca van der Velde ferkocht trije jier ferlyn har winkel yn Surhústerfean en soe mei man en bern op wrâldreis. Mar doe kaam corona en rûn it allegearre oars. No hat se har eigen hotel op Bonêre.
It is waarm op Bonêre. As we Imca oan de telefoan hawwe, moat it hast wol de waarmste dei fan it jier wêze, seit se. By har stiet de termometer moarns om njoggen oere al op 34 graden. Oars jout de wyn altyd ferkuolling. Mar it waait no net en it fielt folle waarmer oan as it kwik oanjout.
De Friezinne wennet sûnt mids maaie op Bonêre. Dêr giet wol in wat langere foarskiednis oan foarôf. Se socht it avontuer en dat begûn eins trije jier ferlyn. Doe soe se mei har man en twa jonges in jier lang op reis. Dêrom hie se har winkel yn Surhústerfean ferkocht.
Mar troch corona kaam de wrâld stil te stean en besleaten se dan mar op fakânsje te gean nei Kurasao. Dêr hiene se faak west. Troch omstannichheden gie Kurasao net troch en boekten se om nei Bonêre. Foar harren wie dat ûnbekend terrein.
De soannen fan Imca van der Velde op Bonêre © Imca van der Velde
Op Bonêre wiene se fuortendaliks ferkocht, sa moai fûnen se it dêr op it eilân. Yn plak fan in pear wike bleaunen se fjouwer moanne. Dat hie ek noch in oar foardiel. "Nederlân siet wer yn in lockdown en op Bonêre koene we dwaan wat we woene."
Omdat se dochs reedlik yn de buert wiene, makken se tuskentroch reizen nei Meksiko, Kosta Rika en Panama. Doe't se weromkamen op Bonêre, seine de soannen fan Imca: "It fielt krekt as komme we thús." Dat joech de mei trochslach. Omdat de jonges it ek moai fûnen, besleaten se te emigrearjen.
Imca van der Velde mei har partner op Bonêre © Imca van der Velde
Harren jild fertsjinje se yn de toeristyske sektor. Se hawwe in boetykhotel kocht mei in tal 2-persoans studio's en in 4-persoans appartemint. Fierders ferhiere se auto's, scooters en in boat.

Frikandellen en kroketten

Wat der sa moai is oan Bonêre? Yn it foarste plak de temperatuer, seit Imca. "It is moai dat it altyd simmer is."
Fierders is it foar de bern maklik dat der Nederlânsk praat wurdt. Dat is ek de taal fan it ûnderwiis. En der binne frikandellen en kroketten, heakket se dêroan ta. Dus de jonges hoege net hiel bot om te skeakeljen kwa iten en taal.
Ferhúzje nei Bonêre neamt se ek wolris mei in knypeach 'emigrearje foar dummies'.

Libje by de dei

Se tinke net hiel fier foarút. Eins libje se in bytsje by de dei. Earst mar ris it hotel goed 'delsette' en dan sjogge se wol fierder. It hûs fan de buorlju stiet te keap. Miskien sit útwreiding fan it hotel der ek noch yn.
Imca, har man en bern hawwe it nei 't sin. "Mar as ien it net mear moai fynt, gean we earne oars hinne. Yn alle gefallen fine we it de kommende jierren hjir hearlik."