Crowdfundingsaksje foar tankstasjon Aldwâld nei twadde ynbraak: "Ik fûn it sa sneu"

In crowdfundingsaksje foar it tankstasjon fan Fieten Olie oan de Foarwei yn Aldwâld is no al in sukses. It siet it tankstasjon de ôfrûne tiid net mei. Tiisdeitemoarn hiel betiid waard der foar de twadde kear yn seis wiken tiid ynbrutsen. Dêrby waard foar tûzenen euro's oan guod stellen.
De ynbraak is ekstra soer, want op 1 septimber is it tankstasjon krekt oernaam troch twa jonge ûndernimmers. Sy hawwe it pompstasjon ferboud en ferkeapje der sûnt koart ek broadsjes. De plysje tinkt dat de ynbraak it wurk is fan in binde dy't ek by oare tankstasjons taslein hat.
Sjoukje de Haan út Twizel hie bot te dwaan mei de jonge ûndernimmers en kaam mei it idee foar de crowdfunding. Har bern binne befreone mei de twa tankstasjonhâlders.

"Ik fûn dat ik dizze aksje dwaan moast", fertelt De Haan. "Se binne krekt start mei dizze ûndernimming en wurkje sân dagen yn 'e wike fan moarns betiid oant jûns let. Alles is noch net iens klear en dan oerkomt dy jonges dit. Ik fûn dat sa ferskriklik sneu."
Mei in kammeraat fan de jonges hat se de ynsammelaksje woansdei opset. It bedrach rint hurd op, seit De Haan. It streefbedrach is 5.000 euro. Nei in pear oerkes wie it bedrach al boppe de 1.000 euro.
"It jild giet nei de jonges, sadat dy wer fierder kinne", seit De Haan. "Der is foar tûzenen euro's oan sigaretten stellen. Sy moatte dat allegear foarfinansierje."
De ynbraak wie tiisdei op de betide moarn. Yn in pear minuten tiid ha de ynbrekkers in kast mei sigaretten en vapes leechklaud.
De fertochten naaiden út yn in wite Peugeot Partner, yn de rjochting fan Kollum. Nei alle gedachten wiene it deselde ynbrekkers dy't yn augustus tasloegen.
De plysje docht ûndersyk en sjocht ek nei kamerabylden út it gebou. Wa't mear wit, wurdt frege kontakt op te nimmen.
Wilco Hellinga, ien fan de nije undernimmers, lit yn in reaksje witte dat hy de crowdfundaksje 'supermoai om te sjen' fynt. Hy en syn kompanjon ha al harren sparjild yn de saak stutsen, fertelt er. It tankstasjon wie woansdei, in dei nei de ynbraak, wol wer gewoan iepen.
De ynbrekkers binne te sjen op kamerabylden: