Planbureau Fryslân sketst fjouwer senario’s foar de takomst: fan terp oant griene stêd

Planbureau Fryslân hat yn 'e mande mei hûnderten Friezen fjouwer senario's foar de takomst sketst. Dy moatte Veiligheidsregio Fryslân helpe om ús provinsje feilich te hâlden.
Wenje wy yn de takomst mei ús allen yn fjouwer stêden of just yn middelgrutte doarpen? Of komme de terpen werom? Sokke fragen komme werom yn de takomstferkenning fan Planbureau Fryslân.
"It binne ekstremen om oer nei te tinken oer wat wy eins wolle", seit ûndersiker Jesse David Marinus. "Mar alle senario's hawwe wol in stikje yn har dat ek echt wier wurde kin."
Sa skerp as mooglik
Om goed oer de takomst nei te tinken, helpt it as je konsekwinsjes sa skerp as mooglik delsette. Bygelyks yndividualisme fersus mienskip. Of ekonomy fersus ekology.
Sa soene yn ien fan de senario's de Waadeilannen allinnich noch mar foar minsken mei in soad jild berikber bliuwe, omdat de hjoeddeiske grutskalige feartsjinsten mei troch it klimaat net mear mooglik binne.
It is de bedoeling om de fjouwer foarsizzingen geregeld tsjin it ljocht te hâlden, sa't sy hieltyd better geskikt wurde om belied mei te meitsjen.
In greep út de senario's:
- Yn it earste senario is de mienskip bot rjochte op it yndividu en op selsûntploaiïng. Yn it jier 2040 draait it om de ekonomy: der is in soad romte foar ynfrastruktuer en mobiliteit. De mienskip fan eartiids is ferdwûn. Selsridende auto's ferfiere ús en gjin stikje lân bliuwt ûnbenut.
- Yn it twadde senario is de mienskip ek yndividualisearre, mar is der wol mear romte foar de natuer. Friezen hâlde hieltyd mear rekken mei de draachkrêft fan it ekosysteem. Nei de eilannen farre allinne noch mar lytse boaten en minsken wenje kompakt yn griene stêden.
- Yn it tredde senario is der mear romte foar it kollektyf en hat de minske him mear oanpast oan de grinzen fan de planeet. De lânbou is natuerynklusyf en Friezen wenje benammen yn middelgrutte doarpen. De mienskip soarget dêr foar foarsjenningen. Der wurdt folle minder reizge.
- Yn it fjirde senario stiet de mienskip sintraal. Der wurdt gearwurke om klimaatferoaring tsjin te gean en Friezen fiele har dêr ferantwurdlik foar. Der binne in soad koöperaasjes en dielauto's. It leauwen yn technology is grut. Fanwegen de hegere seespegel wurde nije wiken op terpen boud.
De folsleine takomstferkenning is werom te finen op de webside fan Planbureau Fryslân.