"Sluting Woodbrookers is ferstannich, mar tink goed om jongeren en meiwurkers"

Behannelsintrum Woodbrookers yn Koartehimmen © ProNews

Der wurdt ferromme reagearre op de sluting fan jeugdynstelling Woodbrookers. Fryske wethâlders en politisy yn Ljouwert sizze bliid te wêzen dat op syn lêst op 1 july 2024 de ynstelling yn Koartehimmen tichtgiet.

"Ik ben positief verrast", seit Johan Magré fan D66 yn Ljouwert. Yn gearwurking mei oare partijen hat hy him drok makke oer de misstannen dy't plakfûn hawwe soene by Woodbrookers.

De ried fan Ljouwert hat oantrune op sluting en naam ferline wike sels in moasje fan wanhoop oan, rjochte oan de direksje fan Jeugdhulp Fryslân. "En nu is het zover. Het einde van therapie in een gesloten setting is gelukkig nabij", fertelt Magré.

Reaksjes op it sluten fan Woodbrookers

Magré makket him noch wol soargen oer de lêste acht jongeren dy't no noch yn Woodbrookers sitte. "We houden de vinger aan de pols. Zij vallen tussen wal en schip. Het is belangrijk dat ze goed opgevangen worden."

"Het is goed dat er nu een punt wordt gezet achter Woodbrookers", seit wethâlder Pieter van der Zwan fan Smellingerlân. Hy makket him al langere tiid soargen oer de gong fan saken by it behannelsintrum. "Wij hebben daar ook wel klachten over gekregen uit de buurt. Uit alle signalen die ik kreeg blijkt dat we echt moeten stoppen met de gesloten jeugdzorg."

Er is echt iets mis met onze maatschappij, als zoveel jongeren jeugdzorg nodig hebben.
Pieter van der Zwan, wethâlder Smellingerlân

Jeugdhulp Friesland is dwaande mei in transysje fan de yntinsive jeugdsoarch nei lytsskaliger foarsjennings. De lêste tiid binne hjirfoar al in pear lokaasjes iepene yn Drachten en op It Hearrenfean. "Ze gaan dit nu versnellen en dat is goed, zolang dat gebeurt in goed overleg met de gemeenten en andere hulpverleners."

Thús of tichter by hûs

Van der Zwan is fierder fan betinken dat tefolle jongeren in berop dogge op de jeugdsoarch. "In de jaren '90 ging het om 1 op de 30 jongeren, nu gaat het in sommige gemeentes om 1 op de 7. Er is echt iets mis met onze maatschappij, als zoveel jongeren jeugdzorg nodig hebben." Hy pleitet derfoar om help oan jongerein oars te organisearjen, as it heal kin thús of tichter by hûs.

Wat der yn de takomst bart mei it kompleks fan Woodbrookers is noch net bekend. De direksje fan Jeugdhulp Friesland hie der woansdei gjin ferlet fan om de meidieling oer de sluting neier ta te ljochtsjen.