Alderein yn Easterwâlde is net gerêst op komst statushâlders: "Wêrom hjir?"

Eangst foar drokte en ûnfeilige situaasjes: âlderein fan soarchsintrum Rikkingahof yn Easterwâlde is net gerêst op de komst fan 190 statushâlders. "Se hearre hjir net tusken de âlde minsken."
Yn in leechsteand part fan it gebou krije de minsken fan 1 jannewaris ôf ûnderdak foar maksimaal in jier. It berjocht fan de komst fan de statushâlders kaam de bewenners oer it mêd.
Sjoerdje Stoelwinder is ien fan de bewenners fan Rikkingahof. Neffens har is it rêstich wenjen by it soarchsintrum. Mar se is benaud dat de rêst fier te sykjen is as de statushâlders komme.
Benaud
"Der komme wol húshâldingen hjir, hè. En tsjintwurdich barre der safolle rare dingen. Ja, dan wurde je in bytsje bang", seit Sjoerdje. Har grutste eangst is dat de statushâlders ynbrekke sille en bûten op it terrein guod ferniele.
In eintsje fierderop yn itselde gebou fan Rikkingahof wennet Harm Bakker. Hy begrypt net wêrom it pân sa lang leechstien hat en der no statushâlders yn komme. Bakker: "Zij verdienen ook een huis. Maar onze eigen jeugd kan geen plek krijgen en mag ook niet in dat gebouw, maar zij mogen er wel in."

Neffens boargemaster Jack Werkman fan Eaststellingwerf wurdt der wurke oan nije plannen foar soarchwenten op it plak fan it lege pân. "De tijdelijke overbrugging die nu plaatsvindt is voor het COA de reden om hier voor een jaar tijdelijk statushouders onder te brengen", seit Werkman.
De kommende jierren wurde der der 700 wenten boud, wêrtroch't der neffens de boargemaster aanst foar starters en jongelju foldwaande kânsen binne op in hûs.
Statushouders hebben hun plek verdiend en dan vind ik dat je een billetje moet opschuiven.
De flechtlingen dy't yn Easterwâlde opfang krije, hawwe in tydlike ferbliuwsfergunning krigen en meie fiif jier yn Nederlân bliuwe.
"Statushouders hebben hun plek verdiend en dan vind ik dat je een billetje moet opschuiven", seit bewenner Frits van Ruiten. Mar dat sjocht bewenner Griet van Ek hiel oars.
Letterlik siik fan
Van Ek is der letterlik siik fan dat de statushâlders nei Rikkingahof komme. "Ik ben er niet mee eens. Ze horen hier niet. Geloof mij maar dat duurt geen jaar: ze blijven", seit sy. Van Ek is derfan oertsjûge dat de minsken nei in jier noch net fuort binne.
Neffens Frits van Ruiten soe der neat oan de hân wêze as de nijkommers har oanpasse. "Maar ik weet niet of die mensen in staat zijn om zich aan te passen. Hoeveel leed ze al niet achter de rug hebben."
Hy hopet benammen dat de mienskip har wat rêstich hâldt oer de komst fan de statushâlders: "Want je houdt het toch niet tegen."
Stipe yn de ried
De opfang fan statushouders yn Rikkinggahof kin rekkenje op in brede stipe fan de gemeenteried, sa hat bliken dien út in omgong by de ferskate fraksjes.