Jasper Philipsen finisht earste by Elfstedenrace: "Nu nog op de schaatsen"

Jasper Philipsen is bliid mei de winst © Omrop Fryslân
Hurdfytser Jasper Philipsen (Alpecin-Deceuninck) kaam as earste oer de finish yn de Elfstedenrace. Hy wûn earder alris de Belgyske Elfstedenronde. "Nu nog op de schaatsen, dan komt het helemaal goed."
204,8 kilometer, 172 hurdfytsers, 18 ploegen. En net te ferjitten: in soad wyn. It gie deromwei yn de twadde edysje fan de Elfstedenrace, dy't woansdei ferriden waard.
Jasper Philipsen fertelt hoe't er de Fryske koers belibbe hat
Foar de Belgyske sprinter wie it in swiere koers. "Het is een heel lastige wedstrijd geweest. Bijna vol gereden van start tot finish, dus het zit in de benen."
Hy fernaam syn skonken noch flink fan in Dútske koers tiisdei en de wyn siet him en de oare fytsers bot dwers. "Ik heb wel een paar dagen nodig om te herstellen."
Olav Kooij, Jasper Philipsen en Davide Bomboi © Martin de Jong
"Het was zaak om vooraan te zijn", seit Philipsen. De wyn makke dat it lang duorre foar't de sprinters har echt losmeitsje koene. "Iedereen kent de weersomstandigheden, dus je moet weten wanneer je er moet zitten."

In úthoeke mei in soad wyn

Philipsen wie al bekend mei it fenomeen fan de Fryske alve stêden. "Ja, natuurlijk. Het is een groot ding. In Nederland meer dan in België, maar we volgen het wel. Ik heb het jammer genoeg nooit mee mogen maken", seit de sprinter dy't dizze simmer fjouwer etappen wûn yn de Tour de France.
Philipsen moat bekenne dat er net faak yn ús omkriten fytst. "Het is ook niet naast de deur natuurlijk. Het is een uithoek van Nederland. Maar ik weet dat hier meestal de wind een rol speelt."
Sa kaam Jasper Philipsen oer de finish
Moarns ier en betiid wiene tal fan Belgyske, Switserske en Noarske folchweinen al te finen op de Fryske diken. Mei de Elfstedenrace ried in karavaan mei dy't foarme waard troch de 18 dielnimmende ploegen.
Der diene fjouwer Friezen mei oan de koers: Hartthijs de Vries fan Kollum (Tour de Tietema-Unibet Cycling Team), Elmar Abma fan Wolvegea (Allinq Continental Cycling Team), Guillaume Visser fan It Hearrenfean (BEAT Cycling Club) en Björn Bakker fan Wynjewâld (Scorpions Racing Team).

Start by Alvestêdehal

Moarns waarden alle hurdfytsers ien foar ien foarsteld by de Alvestêdehal Om 11.00 oere setten sy útein yn Ljouwert. Nei in neutralisaasje fan 4,8 kilometer wiene Tim Marsman, Max Kroonen en Wessel Mouris de earste koprinners.
By it begjin fan de race yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Sjoerd Dijkstra
In goed oere letter wist in groep fan 18 hurdfytsers him los te meitsjen fan it peloton. De efterfolgers fûnen oansluting mei de koprinners. Ek favoryt Jasper Philipsen siet derby.
Sân hurdfytsers makken har los fan it peloton en wisten harren foarsprong út te wreidzjen fan ien, nei twa en sels trije minuten. Om it middeisoere hinne wie it peloton yn trijen slein.
Sfearbylden fan de Elfstedenrace yn de omkriten fan Dokkum
De kopgroep wiksele in tal kear fan gearstalling, úteinlik bleau der noch in groep fan sa'n 13 man oer. Mei noch goed tsien kilometer te gean hie de kopgroep noch 34 sekonden foarsprong op it peloton.
De grutte ploegen setten har leadouts op tou. Hartthijs de Vries besocht noch los te kommen, mar waard wer oplslokt. Philipsen wie al in grutte favoryt en makke dy rol wier: hy kaam as earste oer de streek yn Ljouwert.
Olav Kooij (Jumbo-Visma) einige as twadde en Davide Bomboi (Tour de Tietema-Unibet) waard tredde. Hartthijs de Vries wie fan de Fryske dielnimmers de bêste. Hy einige op plak seis.
Hartthijs de Vries wie de fluchste Fries
In oare bekende namme dy't meidie, wie Dylan Groenewegen. De Elfstedenrace docht dizze sprinter foaral tinken oan de ferneamde reedrydtocht.
"De Elfsteden is van voor mijn tijd, maar het is leuk om hier te zijn", seit de Amsterdammer. Hy mei sels ek graach reedride en ken Sven Kramer goed fan doe't er noch by Jumbo-Visma fytste.
Dylan Groenewegen © ANP
Yntusken rydt Groenewegen foar Team Jayco AlUla, in team dat 'knalle' woe yn Fryslân. "Een mooie koers, veel wind, dus dat kan de nodige chaos geven", foarsei Groenewegen yn 't foar.