Liveblog
|
4 oktober
112-nijs 4 oktober: Deade en swierferwûne by oanriding yn Garyp
Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.
Lêst bywurke: 4 oktober, 22:10
22:10
Ien ferwûne ferstoarn troch oanriding

Ien fan de twa fuotgongers dy't ferwûne rekken troch de oanriding by Garyp is om it libben kaam. It slachtoffer ferstoar op it plak fan it ûngelok. "Zij is ter plaatse aan haar verwondingen overleden", meldt de plysje.
It twadde slachtoffer is swierferwûne oerbrocht nei it sikehûs. De autobestjoerder rekke net ferwûne.
De plysje docht noch altyd ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.
20:55
Twa minsken slim ferwûne by oanriding yn Garyp

Op de Stinswei by Garyp hat om 20.00 oere hinne in oanriding west tusken twa fuotgongers en in auto. Twa persoanen binne dêrby slim ferwûne rekke, meldt de plysje.
Der is in ambulânse en in traumahelikopter ynset om help te ferlienen. De plysje docht ûndersyk nei hoe't de oanriding barre koe.
16:23
Gjin nije tips oer deade man Snits
De plysje hat noch gjin nije tips binnenkrigen oer de deade man yn Snits. Yn it telefyzjeprogramma Opsporing Verzocht waard tiisdei foar de twadde kear omtinken jûn oan de man dy't op 9 maaie dea yn syn wenning oan de Molekrite fûn waard. De 48-jierrige man wie nei alle gedachten yn de nacht fan 4 op 5 maaie om it libben brocht.
Yn de útstjoering wienen bylden te sjen fan in man mei in karakteristike wize fan rinnen dy't neffens de plysje in fertochte is yn dizze saak. Yn in eardere útstjoering wienen ek al bylden te sjen fan de saak. Dat smiet doe trije tips op.
14:12
Kettingen by goudwikselkantoar Ljouwert mooglik stellen
By in goudwikselkantoar yn Ljouwert binne op 18 septimber gouden kettingen ynlevere. De plysje tinkt dat dizze 13 kettingen mooglik stellen binne. Fan alle sieraden binne foto's online set troch de plysje. Wa't mear wit of wa't bepaalde kettingen mist, wurdt frege om kontakt op te nimmen mei de plysje.
10:11
'Piet Babbeltruc' jout op Snapchat opdracht foar oanslach mei fjoerwurkbom yn Drachten

Fjouwer jonge mannen dy't begjin maart belutsen wiene by oanslaggen mei selsmakke fjoerwurkbommen op twa hierwenningen yn Drachten, ha fan de rjochter wurkstraffen krigen. De persoan dy't de opdracht joech moat de sel yn.
It giet om twa 19-jierrige mannen en in 17-jierrige jonge út Hoogezand. In 19-jierrige ynwenner fan Arnhem hannele as tuskenpersoan. Fia Snapchat hie er de 'klus' oannaam fan in anonime opdrachtjouwer, mei de bynamme 'Piet Babbeltruc'.
Oer it motyf achter de oanslaggen is neat bekend. Se wiene rjochte op twa hierwenningen yn Drachten, oan de Tynje en e Stelpswyk,, op 4 en 5 maart.
Kenteken
De man út Arnhem krige de heechste straf. Hy hie it pleatsen fan de fjoerwurkbommen útbestege oan ien fan de mannen út Hoogezand. Dy frege twa doarpsgenoaten om dêrby te helpen.
Doe't se yn Drachten wiene, wiene der omwenners dy't it kenteken opskreaun hiene fan de auto dêr't se yn sieten. Sa koene se gau oanholden wurde.
Straf
De 17-jierrige man bleaun yn de auto doe't de oanslaggen pleegd waarden. Hy is feroardiele ta fjouwer dagen jeugddetinsje - likefolle as syn foararrest - plus 120 dagen ûnder betingst, en in wurkstraf fan 30 oeren. Syn beide 19-jierrige doarpsgenoaten ha wurkstraffen krigen fan 240 en 180 oeren, en selstraffen ûnder betingst fan 9 en 6 moannen.
De man út Arnhem hat in selstraf krigen fan acht moannen, plus acht moannen ûnder betings.