De toan fan Froukje Sijtsma: "Nynke set de tosken yn it Frysk"

Froukje Sijtsma © Omrop Fryslân
Provinsje Fryslân moat mear jild pompe yn de Fryske literatuer. Dat fynt it Skriuwersboun, in feriening fan skriuwers en dichters yn en út Fryslân wei, dy't it literêre klimaat fan Fryslân befoarderje wol. Der moat neffens it bûn mear dien wurde om it Frysk lêzen en skriuwen te stimulearjen.
Der falt fan alles te sizzen oer hoe't je sokke útdagingen yn it literêre klimaat yn Fryslân oanfleane moatte. Wat yn alle gefallen wis is, is dat der kampanje nedich is om boeken ûnder de oandacht te bringen.
De toan fan Froukje Sijtsma
Sa set hjoed de Kinderboekenweek útein, en is de moanne novimber útroppen ta Boekenmaand, wêrby't Fryslân fan 4 oant en mei 12 novimber de Fryske Boekewike fiert. Bern en folwoeksenen moatte útnûge en oanmoedige wurde om te lêzen.
Ek yn Fryslân sette ferskillende organisaasjes harren yn foar de Fryske literatuer. Lykas skriuwers en dichters, útjouwerijen, boekhannels lykas Afûk, mar ek in UNESCO-inisjatyf as Ljouwert City of Literature. En sa binne der noch folle mear inisjativen en kollektiven.
Sels wurkje ik sûnt koart foar Tresoar by it team Fryske Literatuer. Ien fan myn wurksumheden is om as ferhalemakker omtinken te jaan oan nije publikaasjes út Fryslân en it folgjen fan ûntwikkelingen yn de Fryske literatuer. Sa sil nije wike sneon yn de Martinitsjerke yn Boalsert de Gysbert Japicxpriis útrikt wurde. Jetske Bilker krijt de grutste literêre priis fan Fryslân foar har roman Spegel en sonde.
De roman Spegel en sonde giet oer toskedoktersassistinte Doutsen dy't benaud is dat se lykas har mem Alzheimer krijt. Yn har libben giet der hieltyd mear mis. Hielendal at se in affêre krijt en dêrneist ek noch mei in nije toskedokter yn de praktijk wurkje moat.
Foar in artikel dat ik skriuwe wol, belje ik mei in toskedokterspraktyk yn Drachten, dy't eksplisyt op harren webside stean hat hokker toskedokters en assisinten Frysktalich binne. Ik freegje oft der ek ien by harren yn de praktyk it aardich fine soe om in Fryske roman te lêzen. Fuort wurdt de namme fan assistinte Nynke neamd. Ien dy't har graach mei in boek op de bank deljout.
Nynke fertelt my dat se eins noait Frysk lêst, mar dat se it bêst ris besykje wol. Ik stjoer har it boek op en twa wiken letter hawwe wy wer kontakt. Nynke hie it sels fuort net ferwachte, mar se is hartstikke entûsjast. Troch it meislepende en spannende ferhaal koe se it boek mar muoilik oan 'e kant lizze. Mar ek foel it har hûndert parten ta hoe maklik oft it Frysk lêzen har ôfgie. En dus wol se no ek hiel graach oare romans fan Jetske Bilker lêze.
Der binne absolút mear, lykas Nynke, dy't noch net witte hoe moai oft it is om de tosken yn moai Frysktalich wurk te setten. Mar sûnder skriuwers gjin lêzers en sûnder lêzers gjin skriuwers. Wurk dus oan de winkel om nije skriuwers en lêzers út te nûgjen en oan te moedigjen om de leafde foar de Fryske literatuer te ûntdekken.