Ljouwert wol spriedingswet: "Wij steken onze nek uit, en veel gemeenten doen dat niet"

Flechtlingen yn Ter Apel © ANP
De Ljouwerter polityk ropt de Earste Keamer op om yn te stimmen mei de spriedingswet. Dat die bliken op in ynlaske riedsgearkomste oer de needopfang yn it Ljouwerter WTC.
Gjinien yn de Ljouwerter gemeenteried is bliid mei de opfang fan maksimaal 250 asylsikers it kommende healjier yn it World Trade Centre yn Ljouwert. Benammen omdat dy lokaasje net hiel geskikt is om minsken op te fangen.

Grinslanner gers

It giet om in oerrinlokaasje fan it oanmeldsintrum yn Ter Apel. En as boargemaster Sybrand Buma net fan syn needfoech gebrûk makke hie om dit ta te stean, hiene de minsken dy't der no opfong wurde op it Grinslanner gers sliepe moatten.
© ANP
"Wij steken onze nek uit in Leeuwarden", seit boargemaster Buma. "Ik kan heel eerlijk zeggen dat er veel gemeenten in Nederland zijn die dat niet doen."
Yn Den Haag wurdt no praat oer in spriedingswet, dy't gemeenten ferplichtsje kin asylsikers op te fangen. It liket derop dat dêr yn de Twadde Keamer in mearderheid foar is, mar yn de Earste Keamer is dat lang net wis.
"Als die wet wordt aangenomen, dan zou dit probleem er niet zijn", seit Buma. "We roepen de Eerste Kamer op deze spreidingswet aan te nemen, want die is op korte termijn nodig."
Boargemaster Sybrand Buma © Omrop Fryslân
In part fan de gemeenteried is der min oer te sprekken dat Buma mei in soarte fan needfoech 'ja' sein hat tsjin de komst fan de oerrinlokaasje yn it WTC, neidat syn Grinslanner kollega him belle.
"Wy wolle dêr as ried in stim yn ha" seit Petra van der Sloot (VVD)." It giet om wichtige besluten dy't ek foar alle ynwenners fan Ljouwert wichtich binne. Der is in soad ûnrêst, dus wy fine dat wy as ried dêr ek ferantwurdlikheid en in stim yn hawwe moatte."
Buma seit dat de ried no al romte hat om wat te sizzen. En oer syn foech is hy dúdlik: "Dit is een besluit zoals dat bijvoorbeeld ook in 2015 en 2016 met de hoge druk van met name Syriërs is genomen. Dit is ook wat de Vereniging van Nederlandse Gemeenten adviseert en wat de meeste collega's ook doen."

Boycot

Foar de FNP en Lijst058 wie de gong fan saken oanlieding om net nei de riedsgearkomste te gean. "It debat is moster nei de mieltyd", sei fraksjefoarsitter fan de FNP Jan-Willem Tuininga deroer.
De kâns dat der meikoaren wer sa halje-trawalje in beslút naam wurdt oer asylsikers is lykwols lyts, seit Buma. "Er is geen 'onwilgrens', er is een grens aan de mogelijkheden. Wij waren al maximaal opgerekt wat onze eigen mensen betreft."
De iennige reden dat de gemeente dit dwaan kin, is neffens Buma om't it COA it gebou beheart. "Ik zie niet hoe wij hier nog een verzoek bij zouden kunnen accepteren. Ik heb aan de raad aangegeven: wij kunnen nu niets anders doen, en als het dicht gaat, gaan we niet meteen daarna weer iets openen."
Woansdeitejûn praat de gemeenteried fierder oer de opfang fan asylsikers.