Skieppesykte blautonge ferspriedt yn Fryslân mar der is gjin faksin: "It docht sear"

In skiep mei blautonge © Omrop Fryslân
Blautonge dûkt hieltyd faker op yn Fryslân. De firussykte is ôfkomstich út Súd-Afrika en treft skiep en oare wjerkôgers as geiten en kij. Faak mei deadlike ôfrin.
It is foar it earst sûnt 2009 dat de sykte wer yn Nederlân is. De bisten reitsje besmet troch de stek fan gnobmiggen ('knutten' yn it Hollânsk). Nettsjinsteande de namme fan de sykte, krije in soad bisten gjin blauwe tonge. Wol ûnderfine se faak hege koarts, pynlike poaten, oermjittige flibeproduksje en flybjen.
Ek ûntstiet der swollerij oan 'e kop, tonge en lippen fan it bist. Dit soarget derfoar dat sy minder ite en yn in soad gefallen úteinlik ferstjerre.
Blautonge rukt op yn Fryslân: 'Der is gjin faksin'
Boeren yn Fryslân sjogge it tal besmettingen by harren bisten tanimmen. De sykte treft benammen in soad skiep. Hobbyboer Wiepke Lam fan Aldegea (De Fryske Marren) hat fjirtich Swartebles skiep, in seldsum húsdierras. Meardere fan syn skiep hawwe al blautonge. Ien leit sels op stjerren.

Gjin faksin

Hy ferwachtet dat hast al syn skiep de sykte krije sille. "It is dyn hobby, it is dyn passy. Ik fok der al mear as 10 jier mei mei myn frou. De skiep hawwe ek allegear in namme. It docht sear."
Wiepke Lam mei syn skiep 'Blaaike' © Omrop Fryslân
De sykte is net besmetlik, mar it ferspriedt him fluch en der is gjin behanneling mooglik. Der is nammentlik noch gjin faksin foar dit type fan de ynfeksje beskikber yn Europa.
Het mugje, de knut, zit in de buitenlucht. Het is ontzettend lastig om die te bestrijden.
Kees Uil, Bistedokterspraktyk Reduzum-Grou
Bistedokters binne dêrom oanwiisd op symptoombestriding. "We kunnen alleen ondersteunen door pijnstillers of ontstekingsremmers te geven. Op het moment dat de ontsteking heel erg wordt kunnen we het onderdrukken met antibiotica", seit bistedokter Kees Uil fan Bistedokterspraktyk Reduzum-Grou.
Neffens him is previnsje tige dreech. "Het mugje, de knut, zit in de buitenlucht. Het is ontzettend lastig om die te bestrijden." Eigeners fan bisten mei blautong binne ferplicht dat te melden by de bistedokter. Sa kin de Nationale Voedsel en Warenautoriteit (NVWA) oersjoch hâlde op it tal besmettingen.

Strange winter

It is no wachtsje op in strange winter, want dêr kinne knutten net goed oer, seit Uil: "Hij houdt niet van vorst en temperaturen onder de tien graden. Het zou dus fijn zijn als we nachtvorst krijgen. Dan verdwijnt de knut en daarmee de verspreiding ook."
Blautong foarmet gjin gefaar foar de minsk.