Jeugdsoarchynstelling Woodbrookers slút per 1 july de doarren

Behannelsintrum Woodbrookers yn Koartehimmen © ProNews
Jeugdhulp Friesland hat it foarnimmen om jeugdsoarchynstelling Woodbrookers 1 july 2024 te sluten. Dat is krekt bekend makke op harren webside. Hjirnei bestiet de sletten jeugdsoarch net mear yn Fryslân.
Jeugdhulp Friesland wol de transformaasje fan it behannelsintrum ferhastigje. Der is twivel oer de kwaliteit fan soarch dy't de ynstelling leverje kin oan de jongerein.
"Extern neemt het vertrouwen af dat Woodbrookers de jongeren in voldoende mate de zorg kan bieden die zij nodig hebben", skriuwt de organisaasje op har webside.
Derneist hat de Ljouwerter gemeenteried oantrune op alternative soarchfoarmen en wol it kabinet dat der nei 2030 gjin sletten jeuchdsoarchynstellingen binne.

Takomstige kliïnten

Op dit stuit binne der noch acht plakken beskikber yn de sletten ynstelling foar jongerein dy't slimme gedrachsproblemen ha. Jeugdhulp Friesland is dêrom dwaande te ûndersykjen hoe't se omgean wolle mei takomstige kliïnten en wêr't dy dan it bêste telâne kinne,
De fersnelde sluting soe neffens Jeugdhulp Friesland gjin konsekwinsjes ha foar de jongelju dy't der op dit stuit ferbliuwe.
Jeugdhulp Friesland kin no noch neat sizze oer in eksakte planning fan de transformaasje, mar hâldt 1 july 2024 fêst as uterste slútdatum.
De gemeente Ljouwert is tiisdeitejûn op de hichte brocht mar joech oan noch net ynhâldlik reagearje te kinnen op it beslút.

Wat is der oan de hân by Woodbrookers?

It rommelet al langer by de ynstelling. Woodbrookers kaam oardel jier lyn foar it earst yn it nijs doe't in bernedokter fan sikehûs Nij Smellinghe melding makke oer misstannen yn de jeugdsoarch.
It libben fan in 14-jierrich famke dat by him ûnder behanneling wie, waard dêrtroch neffens him sels yn gefaar brocht. It famke siet ûnder oare in skoft yn Woodbrookers. Nei de melding kamen noch folle mear berjochten nei bûten oer misstannen by de soarchynstelling.