Minne rispinge fan apels betsjut dit jier gjin apelsop foar Stichting Fryske Frucht

Der hingje net genôch apels yn de beammen foar stichting Fryske Frucht om apelsop fan te meitsjen. It waar fan it foarjier hat de risping net goed dien.
Gewoanwei makket de stichting apelsop fan apels dy't by partikulieren ûnder de beam lizzen bliuwe. Dit jier binne der lykwols te min om mei de produksje fan sop útein te setten.
"Je ha gewoan tsjinslach dat de temperatueren yn it begjin fan it jier minder wiene, it wie te kâld foar de apels", seit Tjitte de Wolff fan de Fryske Frucht.
Ferlies
De stichting hat in bepaald oantal kilo apels nedich om mei de produksje begjinne te kinnen. "Oars is it de muoite net wurdich. Dan komme je ûnder de kostpriis. Wy bin ek in stichting, dan kinne wy net op ferlies draaie."
Yn de takomst wol de stichting dêrom ek ynsette op it meitsjen fan sap fan oare fruchten en it meitsjen fan oare soarten dranken. "Dan wolle wy net allinnich mar apelsop meitsje mar ek wol sider of mjuksdranken, sa as par-apelsop.
Om him fierder ûntwikkelje te kinnen hat de stichting wol mear mankrêft nedich. Benammen foar it bestjoer hat de stichting leden nedich.