Ferkearsles op it plein: Oerterper skoalbern leare de regels yn de praktyk

Ferkearsplein yn Oerterp © Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
Sebrapaden, haaietosken en stopboardsjes: alles wat bern yn it ferkear tsjinkomme kinne, komme se no ek tsjin op it skoalplein fan CBS De Opdracht yn Oerterp.
Dat ferkearsplein, oanlein troch de ANWB, is hjoed yn gebrûk naam en liket in bytsje op it eardere ferkearspark yn Assen. Bern leare sa de regels fan it ferkear yn in feilige omjouwing.
Basisskoalle Oerterp hat ferkearsplein krigen
De Opdracht docht in soad oan ferkearsedukaasje, fertelt direkteur Otto Hiemstra. "Wy binne in ferkearsaktive skoalle. Dat hâldt yn dat wy elk jier praktyske ferkeaslessen dogge, faak op it plein mei parkoersen. Ast it hiele jier sa'n parkoers op it plein hast, dan slút dat hiel moai oan by it ûnderwiis dat wy al dienen."

Fyts en win in taart

Grietje Boersma is ferkearsâlder by de skoalle. "Wy ha in ferkearswike. Dêryn wurde lessen foar alle klassen organisearre." De skoalle stimulearret bern om rinde of op de fyts nei skoalle te kommen, seit Boersma. "At sy dat dogge, krije sy in lotsje. Yn de ferlotting kinne sy dan in taartsje winne."
De feestlike iepening fan it plein © Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
De skoalle is troch de ANWB frege om mei te dwaan oan in wedstriid. Yn alle provinsjes yn Nederlân krige in skoalle in ferkearsplein fan de ANWB. Nei in online stimming kaam De Opdracht as winner út de bus. "It is hiel bysûnder dat der safolle âlders stimd ha op ús skoalle", seit Hiemstra.

Wichtich foar in bûtendoarp

Neffens Hiemstra is sa'n plein hiel wichtich foar de skoalle. "Wy sitte yn in bûtendoarp. Bern út groep 8 moatte aanst nei Drachten ta, en dan komme se in hiel soad situaasjes tsjin dy't se yn Oerterp ek al meimakke hienen."
It ferkearsplein yn Oerterp © Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
Op it plein leare de bern de ferkearsregels, sadat sy ek yn de grutte stêden en doarpen feilich fytse kinne, seit Hiemstra. "En it is fansels hartstikke leuk dat se de regels op dizze wize leare kinne."
Dêr slút ferkearsâlder Boersma har by oan. "It is in prachtich plein. Wy binne der hiel wiis mei."