HEA! Achter de optocht oan
HEA! Flaeijeloptocht mei Ekke Atsma
Ald-boer Ekke Atsma fan Balk docht al wol 30 jier mei oan de grutte optocht op it Flaeijelfeest mei hynders en wein. Mar troch sykte rydt er dit jier foar it earst net mear mei yn de boere-optocht troch Aldhoarne.
Dochs wol Atsma graach belutsen bliuwe by it nostalgyske feest. Hy helpt dêrom syn maat Hendrik de Kuijper. Dy rydt mei trije Belgyske hynders foar in âlde ferhúswein mei yn de stoet. Atsma kin lêze en skriuwe mei de bisten.