Liveblog
|
3 oktober
112 nijs: Oanriding yn Ljouwert | Pomphâlder Aldwâld foar tûzenen euro's bestellen
Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.
Lêst bywurke: 3 oktober, 21:53
21:53
Pomphâlder Aldwâld foar tûzenen euro oan smookguod bestellen
In tankhâlder oan de Foarwei yn Aldwâld is yn oardel moanne twa kear bestellen. Tiisdei is op de betide moarn wer sigaretten en vapes meinaam.
De eigeners binne noch mar krekt dwaande sizze dat der foar tûzenen euro oan guod stellen is. "Wy binne noch net iens in moanne los en dan oerkomt je dit, dat is echt soer." Yn in pear minuten tiid is de hiele kast leechklaud.
De fertochten naaiden yn in wite Peugeot Partner út, yn de rjochting fan Kollum. Nei alle gedachten wiene it deselde ynbrekkers dy't yn augustus tasloegen.
De plysje docht ûndersyk en sjocht ek nei kamerabylden út it gebou. Wa't mear wit, wurdt frege kontakt op te nimmen.
17:53
Meardere ferwûnen by oanriding yn Ljouwert

Troch noch net bekende redenen botsten in fyts en in scooterrider tiisdeitemiddei tsjin inoar oan. Dat barde op De Skrâns yn Ljouwert.
Beide bestjoerders foelen en rekken ferwûne, de slachtoffers binne behannele yn ambulânses.
Twa persoanen binne nei it sikehûs brocht.
16:44
Selstraffen easke foar oanslaggen mei fjoerwurkbommen
In earder pear út Drachten wurdt troch it Iepenbier Ministearje ferantwurdlik holden foar meardere oanslaggen mei fjoerwurkbommen yn Froubuorren en Stiens, dêr't se doedestiids wennen. Tsjin de man is in selstraf fan achttjin moannen easke, tsjin de frou in jier.
De twa soenen belutsen west ha by fjouwer oanslaggen. De earste hie plak op 20 maaie 2019 yn Stiens. De ympakt op de slachtoffers is neffens it IM grut. De rjochtbank docht 17 oktober útspraak.
15:31
Hanthaveners Smellingerlân krije hânboeien
Hanthaveners yn de gemeente Smellingerlân hawwe fan moarn ôf hânboeien by harren. Der wurdt hieltyd faker in berop dien op hanthaveners en se krije hieltyd faker te krijen mei geweld. De hanthaveners dy't ek ynset wurde kinne as boa, binne al traind yn it gebrûk fan de hânboeien. Se binne toetst troch de plysje en moatte oan deselde easken foldwaan as plysjeminsken dy't hânboeien brûke.
14:56
Persoan út wetter helle by Frjentsjer

In persoan is tiisdeitemiddei út it wetter helle troch helptsjinsten. Dat barde op in bedriuweterrein oan de Marconistraat yn Frjentsjer.
De persoan is ferfierd mei in ambulânse. De traumahelikopter wie wol oproppen mar hoegde net yn aksje te kommen.
13:22
Frachtwein yn de sleat by Mullum
In frachtwein mei biten is tiisdeitemoarn fan de dyk rekke en yn in sleat bedarre oan de Blynsewei yn Mullum.
Hoe't dat krekt barre koe, is net bekend. De sjauffeur soe net ferwûne rekke wêze.
In bergingsbedriuw is dwaande mei it út de sleat heljen fan de wein. Dêrfoar waarden twa kranen oproppen. De berging sil nei alle gedachten noch wol de hiele jûn duorje.
