Kees begeliedt as frijwilliger sededieders: "Sa kinst foarkomme dat it wer bart"

Se binne feroardiele, hawwe har straf útsitten en komme de maatskippij wer yn. Mar hoe? Gjin ien wol in pleger fan in sededelikt yn de buert te wenjen ha.
Kees fertelt earlik dat er sels yn it ferline ek wol tocht "dat je sokken opknope moasten". No drinkt er kofje mei se.
Kees (net syn echte namme) is al mear as tsien jier frijwilliger by de Cirkel voor Ondersteuning, Samenwerking en Aanspreekbaarheid (COSA). Dêr wurkje se neffens in konsept dat betocht is yn Kanada. Frijwilligers helpe by ferskate saken: dat kin praktysk wêze, mar ek troch te praten.
It idee is dat minsklik kontakt wurket om foar te kommen dat de dieders yn in isolement bedarje.
Ferantwurdlikheid bliuwt by professional
Ella (ek net har echte namme) is fan de reklassearring út in saneamde sirkelkoördinator by COSA. Yn de sirkel om de dieder hinne steane nammentlik ferskate beropskrêften: de wykagint, de behanneler en altyd in tafersjochhâlder fan de reklassearring.

Frijwilligers by COSA krije earst in training fan twa dagen. Dêrby wurdt ek goed tocht om de feilichheid: sa kinne se bygelyks in telefoan krije spesjaal foar it kontakt mei de dieders.
Mar, fertelt Ella, se sjogge faak dat frijwilligers al gau mei eigen nûmers en e-mailadressen wurkje.
Persoan achter it delikt
Kees hat wol meimakke dat er seach dat de kuolkast leech wie en wist dan dat it betsjutte dat it minder goed gie mei de man dy't er holp. Soks kin in dúdlik signaal wêze en dat wurdt dêrom yn it foar ek bepraat en yn in wurkplan set.
Dêrneist moatte de kearnleden, lykas de dieders dy't neamd wurde yn COSA, sels fertelle yn it earste petear wat se dien hawwe. Ferantwurdlikheid nimme foar wat je dien hawwe, dêr begjint it mei, seit Ella. En dan mei-inoar derfoar soargje dat ien net weromfalt yn syn gedrach.
Benammen it feit dat minsken sjen wolle nei de persoan achter it delikt helpt, leit Ella út. Meidwaan oan it trajekt is frijwillich en soarget net foar straffermindering.
It wurket: der is minder residive
Foardat Kees begûn hat er petearen hân mei twa slachtoffers fan sedesaken. Dat wiene heftige petearen. Mar it sterkte him noch mear yn it idee dat er wat dwaan kin om residive foar te kommen.
Foaral ek omdat de measte dieders sels yn it ferline slachtoffer west ha fan seksueel misbrûk. As er sjocht nei al dy jonges dy't er al begelaat hat en dêr't it no goed mei giet, fielt er foldwaaning.
De sifers: troch de ynset fan COSA is der 80 prosint minder residive. Dêr docht Kees it foar. Want je kinne wol oan de kant stean te roppen en te razen, mar je kinne as yndividu ek it ferskil meitsje, sa seit er.
Op fersyk fan Reclassering Nederland wurde de echte nammen Kees en Ella net neamd. Omdat der yn guon gefallen heftig reagearre wurdt op publikaasjes oer sedesaken en behannelings wol de reklassearring sa foarkomme dat de belutsenen lestich fallen wurde.