Folkfestival Tsjoch: "Se wiene allemachtich liberaal"

Folkmuzyk wie yn de jierren '70 en '80 wakker populêr yn Fryslân. Fêst elemint wie it jierlikse festival Tsjoch dat no net mear bestiet. Dit jier is it op de kop ôf 45 jier ferlyn dat de earste edysje wie.
Op it Tsjochfestival waard folkmuzyk spile mei Frysktalige teksten of teksten yn de streektalen fan Fryslân. Saakkundige Fryske muzyk Beart Oosterhaven hat der fan de jierren '80 ôf by west. Oan de hân fan sân sels oandroegen muzyknûmers sketst er in byld fan de Fryske folkmuzyk en it festival Tsjoch.

Folkbeweging

De folkbeweging kaam yn Fryslân op yn de jierren '70. Bands as de Britske groepen Fairport Convention en Steeley Span, en The Dubliners út Ierlân wiene doe ynternasjonaal en nasjonaal suksesfol.
Yn neifolging fan de bûtenlânske foarbylden waard yn de Fryske folk ynearsten songen yn de Ingelske taal. Bekende Fryske groepen fan doe wiene Farmers Union mei Nanne Kalma en Sido Martens, en Haggis mei Ernst Langhout.
It duorre noch acht jier foardat der in festival mei folkmuzyk kaam. Yn 1978 wie it safier. Om der struktuer oan te jaan en it faker organisearje te kinnen, kaam der yn 1979 in fêste organisaasje: de Feriening fan Fryske Folksmuzikanten Tsjoch. Nanne Kalma waard foarsitter.
Irolt yn 1987, Nanne Kalma is de tredde fan lofts © Irolt
It earste Tsjochfestival wie yn Snits. Trûbadoer Roel Slofstra en Nanne Kalma syn groep Irolt wiene der fan it begjin ôf oan by. Yn de heechtijdagen tusken 1990 en 2011 wie De Lawei yn Drachten de fêste lokaasje fan it festival. Foar de edysje 2012 ferhuze it festival nei it lytsere Dielshûs yn Wommels. Dêrnei hat it net mear west.

Folksferhalen en sêgen

Frysktalige lietteksten foar folkmuzyk wiene der earst net. Dêrom skreaunen de muzikanten en dichters de teksten sels. Tema fan de ferskes wiene faak ûnderwerpen út de skiednis, myten en sêgen of folksferhalen.
De feriening soarge derfoar dat de lietteksten bondele waarden yn boekjes, sadat se faker brûkt wurde koene. Letter waarden der ûnder de namme Tsjong ek jûnen organisearre foar jong talint. Der kamen twa Tsjoch-cd's út.

Roel Slofstra

'Oertrûbadoer' Roel Slofstra stie yn 1969 oan de widze fan de Frysktalige folkbeweging. De tekst fan It liet fan it treurige ferhaal is fan dichteres/skriuwster Tiny Mulder. Slofstra hat it op muzyk set foar syn plaat 'De histoarje fan Eije Wijkstra'.
Roel Slofstra © Omrop Fryslân, René Koster

Irolt

In oare dichter, nammentlik Sybe Krol hat de tekst fan De wylde wytsing skreaun, it liet dat de groep Irolt op it repertoire naam. Krol wie de libbenspartner fan Roel Slofstra.
Irolt bestie fan 1975 oant 1987. Earst songen se yn it Ingelsk. Dat feroare doe't oprjochter en foaroanman Nanne Kalma (berne yn Amersfoort) troch syn gitaarlearaar Roel Slofstra op de smaak brocht waard fan it Frysk.
Yn it jier 1979 bruts Irolt troch mei de Frysktalige plaat De Gudrun Sêge, mei Inez Timmer op sang. Der kamen mei-inoar seis langspylplaten.
Irolt yn 2015 © Irolt

Irish Stew

Op de earste sammel-cd Tsjoch, in priuwke (1992) stiet ek in nûmer fan Irish Stew út Ljouwert. De bandleden Johan Juckers en Jos Hollander wiene aktive Tsjoch- en Tsjongleden. Mei Ingelstalige nûmers stiene se op allerhanne grutte festivals yn Europa. Se songen ek yn it Liwwarders. Lykwols, mei de Frysktalige tekst fan De ûngelikense striid koene se ek goed oerwei.
Irish Stew © Irish Stew

Gurbe Douwstra

It Tsjochfestival tsjinne bytiden ek as 'yntroduksje' foar jonge muzikanten. Nathaniël van Veenen bygelyks, Hollânsktalich opgroeid op It Hearrenfean, hie alhiel gjin weet fan Fryske muzyk. Oant er op it Tsjochfestival 2005 yn Drachten Cliffs of Moher hearde fan Gurbe Douwstra, Jaap Louwes, Doede Veeman en Piter Wilkens.
Nathaniël spile yn allerhanne Ingelsktalige bands, mar fûn troch Tsjoch oansluting mei de Fryske muzykwrâld. Hy is tsjintwurdich ûnder oare earste gitarist yn de musical De Tocht, en hat Frysk praten leard.
Gurbe Douwstra © Steven Zwart

Bullfish

Sjongeres en mandolinespylster Gerlind Hoogcarspel stie mei har band Bullfish (Bring me water) yn 2007 op it Tsjochfestival. Se spilet boppedat fioele. Dat die har heit Alco Hoogcarspel ek, by de groep Irolt. Alco siet letter yn de begeliedingsband Yetris fan Roel Slofstra.

Stroatklinkers

Troch de jierren hinne programmearre it Tsjochfestival net allinnich Frysktalige muzyk, mar wie der ek romte foar oarstaligen. De Tsjochorganisaasje wie neffens Oosterhaven "allemachtich liberaal. It koe yn alle talen." En sa klonk yn 2008 ek de taal fan Grinslân op it festival.
De Stroatklinkers brochten yn 2001 de cd Knap stoaltje, laidjes fan Ede Staal út. Mei Friezinne Johanna Hamstra op banjo. It nûmer Nij Stoatenziel stiet op dy cd.
De Stroatklinkers © stroatklinkers.nl

Healers

De lêste jierren wiene der ek oare muzyksoarten op it Tsjochfestival te hearren as de typyske folk. Rock- en bluesbands wiene ek wolkom, want ast lid wiest fan de feriening koest dêr optrede. Sa hat de bluesband de Healers der in kear as wat stien. Oosterhaven kiest as ôfsluter harren nûmer It fjoer is út, min of mear symboalysk foar de delgong fan it Tsjochfestival.
Sjonger Jehannes 'Kats' Veenstra fan de Healers yn 2015. Hy ferstoar yn 2018. © Omrop Fryslân

Minder belangstelling

Nei 2010 waard de belangstelling fan publyk en artysten foar it Tsjochfestival minder. Yn it jier 2012 wie it festival ferhuze fan de grutte skouboarch De Lawei yn Drachten nei it folle lytsere Dielshûs yn Wommels. Der kaam folle minder publyk op ôf en de jongerein liet it ôfwitte.

Americana

It like as hie de folkbeweging mids jierren '10 syn bêste tiid hân. Oare streamingen lykas America kamen op. By eintsjebeslút liket folkmuzyk njonken jazz en blues in plak fûn te hawwen tusken al dy min of mear fêste muzykstreamings dêr't de belangstelling út en troch foar oplibbet en ôfswakket.
Beart Oosterhaven © Haye Bijlstra, Tresoar
It kin ek wêze dat de tradisjonele Ierske en Skotske folkmuzyk min of mear 'útûntwikkele' is. Mei oare wurden: der sit net genôch fernijing yn.
Mar mei muzyk giet it troch de tiid hinne faak as mei baren yn de see. Op en del. Dan wer populêr en dan wer minder populêr. Sa waard de jierren '80-new wave ek wer oppakt en troch generaasjes jongere muzikanten en fierder ûntwikkele. Dat sil mei folk ek wolris barre.

De top 7 fan Beart Oosterhaven

Artyst Titel
1. Roel Slofstra It liet fan it treurige ferhaal
2. Irolt De wylde wytsing
3. Irish Stew De ûngelikense striid
4. Gurbe Douwstra, Jaap Louwes, Doede Veeman, Piter Wilkens Cliffs of Moher
5. Bullfish Bring me water
6. Stroatklinkers Nij Stoatenziel
7. Healers It fjoer is út
Sjoch hjir nei in reportaazje oer it Tsjochfestival yn Wommels. Doe wie noch net bekend dat it it lêste wêze soe: