Trije Fryske priiswinners op lanlike talintejacht Kunstbende

© Marcel Krijgsman
Trije Fryske acts binne sneontejûn yn de prizen fallen op de jierlikse jeugdtalintejacht Kunstbende. It giet om Mickie Xie út Harns, Ola van der Velde fan It Hearrenfean en de groep Uit de Oven Gebakken Producties.
De prizen fan Kunstbende waarden útrikt yn Amsterdam. De 17-jierrige Mickie Xie út Harns waard twadde yn de kategory dûns. De like âlde Ola van der Velde krige de tredde priis yn har kategory: fashion. De Harnzer groep Uit de Oven Gebakken Producties waard tredde op de jierlikse talintejacht, yn de kategory film.

Kreative jongelju

Kunstbende is in talintejacht foar kreative jongelju tusken de 13 en 19 jier. De winners krije de kâns om de lanlike kulturele poadia, lykas it Oerol-festival te berikken. Yn totaal diene hûndert acts mei yn njoggen kategoryen.
De Fryske foarrondes fan Kunstbende wiene dit jier yn skouboarch De Harmonie yn Ljouwert.