Tennisferiening De Jouwer begrypt neat fan opstelling gemeente De Fryske Marren

© Arjen Bosselaar, Omrop Fryslân
Se begripe der neat fan by de tennisferiening op De Jouwer. De klup wol graach de akkommodaasje by de tiid bringe en ferduorsumje. Dat kinne se ek bêst sels betelje, mar se hawwe dêrby garânsjes nedich fan gemeente De Fryske Marren. En dy seit nee.
"Wy freegje net om jild fan de gemeente, lit dat dúdlik wêze. Wy freegje om in finansjele garantstelling", ljochtet bestjoerslid Theo Andreae fan TV Joure ta. "Dêr freget de bank no ien kear om. Wy skriuwe al jierren swarte sifers, hawwe ek in bufferke en kinne dus prima de liening dy't nedich is, ôfbetelje. Allinnich, dêr hawwe we wol in garantstelling foar nedich fan de gemeente."
By de tennisferiening op De Jouwer wolle se de kantine opknappe
"Ik jou earlik ta, ik skrok ek fan de earste offerte dy't wy krigen", laket Andreae foarsichtich, wannear't er fertelt oer de plannen fan de tennisferiening. "It gebou is fyftich jier âld, dêr is in ynvestearring foar nedich. Boppedat wolle wy fan it gas ôf en nei 'nul op de meter'. Dat kostet jild."
Reaksje gemeente De Fryske Marren:
"De bank verlangt van gemeente De Fryske Marren een volledige, onherroepelijke en onvoorwaardelijke garantie. De gemeente kan aan dit verzoek niet voldoen omdat het gemeentelijke Treasurystatuut (bevat regelgeving over o.a. garanties die de gemeente verstrekt aan derden) een dergelijke garantstelling niet toestaat.
De gemeente is zich bewust van deze vraagstukken en werkt daarom aan beleid over maatschappelijke voorzieningen, zoals sportaccommodaties. De verwachting is dat dit beleid (op hoofdlijnen) nog dit jaar wordt vastgesteld door de gemeenteraad."
De gemeente hat by de klup oanjûn dat 'het gemeentelijke Treasurystatuut een dergelijke garantstelling niet toestaat'. Dat sil technysk sa wêze, seit Andreae, mar neffens him betsjut dat net dat de oerheid gjin ferplichtings hat tsjinoer ferieningen dy't in wichtige rol spylje yn it sosjale libben yn de gemeente.
© Arjen Bosselaar, Omrop Fryslân
Boppedat freget er him ôf hoe't it kin dat bygelyks de fuotbalferiening of de hockeyklup wol stipe krije fan de gemeente. "Dy krije in nij fjild of it ûnderhâld wurdt foar harren regele. Dat misgun ik se net, hear. Seker net", seit Andreae.
"Mar ferfolgens wurdt tsjin ús sein, tennis rêdt himsels wol. Dat byld stammet miskien út it ferline dat tennis in elitêre sport wie, mar dat is yntusken al lang net mear sa."