Ein oan lokale omroppen RSH en Eenhoorn, offisjele start Omroep Zilt

Omrop RSH en Radio Eenhoorn binne net mear: sûnt 12.00 binne de omroppen offisjeel tegearre as Omroep Zilt. Dêrmei wurdt in jierrenlange gearwurking beklonken.
Boargemasters Marga Waanders (Waadhoeke) en Ina Sjerps (Harns) keppelen de studio's sneontemiddei offisjeel. De nije redaksje fan Zilt stiet yn Frjentsjer.
Ein oan lokale omroppen RSH en Eenhoorn, offisjele start Omroep Zilt
"Er moest heel veel werk verzet worden", seit foarsitter Tinus Boomstra. "Als je ziet wat hier staat en wat hier nu gebeurt, dan kan je niet anders dan tevreden zijn."
Neffens boargemaster Marga Waanders fan Waadhoeke is in sterke omrop wichtich foar Noardwest-Fryslân. "Elke regio hat goeie sjoernalistike foarsjennings nedich", seit Waanders. "Dy moatte ynformearje en rapportearje, mar ek kritysk wêze. Dat is tige wichtich foar de demokrasy."