Liveblog | 1 oktober

Sportnijs: VC Snits wint Supercup | De Laat wol, Knegt net nei earste World Cup

Yn dit liveblog hâlde wy jo op de hichte fan de lêste ûntwikkelingen oangeande de sport yn Fryslân.

  • De froulju fan sc Hearrenfean ha sneintemiddei ferlern fan Utrecht;
  • It Nederlânsk follybalteam hat de earste winst op it OKT binnen;
  • Harkemase Boys hat syn kopposysje ferstevige yn de tredde divyzje.
Lêst bywurke: 1 oktober, 22:00
snein 1 oktober
22:00

Flyers winne ek twadde wedstriid

UNIS Flyers hat ek de twadde kompetysjewedstriid fan it seizoen wûn. Op besite by Heylen Vastgoed HYC yn it Belgyske Herentals waard it 5-0.
De Fryske doelpunten kamen op namme fan Jesse Barwell (twa kear), Henri Ruotsalainen, Tom Speel en Mike Collard.
Juster wûnen de Flyers ek al de earste wedstriid fan it seizoen, 6-4 tsjin Mechelen Golden Sharks.
18:38

De reaksje fan Geldou de Boer op de Supercupwinst

De reaksje fan Geldou de Boer op de Supercupwinst
18:35

De gearfetting fan VC Snits - Sliedrecht Sport

De gearfetting fan VC Snits - Sliedrecht Sport
17:25

VC Snits begjint seizoen mei Supercup-winst

De froulju fan VC Snits mei de Supercup © Dijks Media
De follybalsters fan VC Snits hawwe de earste priis fan it seizoen al binnen. De lânskampioen wie yn de Supercup mei 3-1 yn sets te sterk foar Sliedrecht Sport.
De earste set yn de Snitser Sporthal wie mei 25-23 spannend. Dêrnei like it ferset fan de besikers brutsen, want de twadde set gie ienfâldich mei 25-10 nei de Snitsers.
Yn de tredde set gie Snits ek hieltyd oan de lieding, mar yn it lêst gie de set dochs mei 24-26 nei de besikers. Mei 31-29 makke Snits yn de fjirde set wol dien wurk.
Nije wike begjinne de Fryske froulju oan de kompetysje. Dan is Sliedrecht Sport ek de tsjinstanner, mar dan yn Súd-Hollân.
16:30

Shorttracker De Laat nei earste World Cup, Knegt op reserve

Itzhak de Laat © Orange Pictures
Shorttracker Itzhak de Laat is troch de seleksjekommisje fan de KNSB selektearre foar de earste World Cup fan it seizoen. Hy is de iennige Fries yn de seleksje foar de wedstriden yn Montréal, dy't fan 20 oant en mei 22 oktober ferriden wurde. Sjinkie Knegt is as reserve oanwiisd.
Knegt is wol selektearre foar de Shanghai Trophy yn Sina. Dy wedstriid stiet pland fan 3 oant en mei 5 oktober. Hessel van Berkum fan Stiens stiet dêr ek oan de start.
14:06

Ek froulju sc Hearrenfean ferlieze: 1-0 tsjin Utrecht

De froulju fan sc Hearrenfean ha harren útwedstriid tsjin Utrecht ferlern. De thúsploech wie sneintemiddei mei 1-0 te sterk foar de Feansters.
It iennige doelpunt op sportpark Zoudenbalch kaam op namme fan oanfalster Eshly Bakker, dy't skoarde út in strafskop.