Soarchekonoom: "Fúzje sikehuzen Fryslân is it bêste foar de soarch"

© ANP / Omrop Fryslân

Fryske gemeenten en de provinsje moatte ynsette op in soarchnetwurk en sykteprevinsje. Dat seit Jochen Mierau, professor en heechlearaar Economie van de Volksgezondheid oan de Ryksuniversiteit Grins yn de Omrop Fryslân Podcast Wike yn, wike út.

Mierau lit dêryn syn ljocht skine op de fúzjeplannen fan de sikehuzen Tjongerschans fan It Hearrenfean en Antonius fan Snits en it plan om in nij sikehûs te bouwen op De Jouwer. In ûntjouwing dy't neffens him net foar te kommen is: "Het is een gevolg van de demografische en technologische ontwikkelingen."

Foar Mierau komt it ek net as in ferrassing. By de buorlju yn Grinslân ha se al in soartgelikens trajekt trochrûn. Dêr gie it om in fúzje en sluting fan de sikehuzen fan Delfzijl en Winschoten.

Dy binne opgien yn in nij sikehûs yn Scheemda, it Ommelander sikehûs. "De beide ziekenhuizen moesten investeren in nieuwbouw. Ze hebben toen gekozen voor een fusie met een geografisch optimale ligging. Dat doen ze nu in Fryslân ook."

Net mear foldwaan oan de soarchplicht

Ien fan de belangrykste redenen foar de fúzje fan de Fryske sikehuzen is it personielstekoart. Der binne tal fan fakatueres dy't dreech of net ferfolle wurde kinne. Mierau: "Wachtlijsten zijn dusdanig lang dat niet meer voldaan kan worden aan de zorgplicht. De zorg is nu onvoldoende toegankelijk."

Yn de podcast Wike yn, wike út praat Wim Brons mei gasten en ferslachjouwers oer ûnderwerpen út de aktualiteit of ûntjouwings yn de provinsje. De podcast is te finen op Spotify of yn de Apple podcasts app.

Guon freegje har ôf hoe't in fúzje der feroaring yn bringe kin. Neffens Mierau hat dat te krijen mei de konkurrinsje tusken sikehuzen. Om dy slach te winnen, moatte je sjen litte kinne dat je ek de pasjinten fan de oar behannelje kinne, sa seit de heechlearaar.

'Lear fan de Grinslanners'

De bestjoerders dy't hjir de plannen meitsje, soenen goed sjen moatte nei wat se dêr delset ha, seit Mierau: "Er is daar goed gekeken naar beschikbaarheid en toegankelijkheid. Parkeren bij een ziekenhuis is vaak duur. Daarom hebben ze het daar gratis gemaakt. Er is ook een goede OV-verbinding."

Presintator Wim Brons, soarchekonoom Jochen Mierau en ferslachjouwer Hayo Bootsma. © Omrop Fryslân

Foar dy goede ov-ferbining soenen de provinsje en de gemeente harren no ynsette moatte, sa stelt de heechlearaar. "Het gaat in de basis om de gezondheid en het welzijn van de mensen. Dat begint op buurtniveau."

Mierau fynt dan ek dat gemeenten ynvestearje moatte yn lytsskalige foarsjennings dêr't minsken inoar moetsje. "Als een jeu-de-boulesvereniging op omvallen staat, steun die dan. Houd dat sociale overeind."