Fan tornado's nei protters: fotograaf bringt protterdûns nei Natuermuseum Fryslân

© Erik Hijweege
Mei in bytsje fantasije liket it krekt in seehûn, in hazze of in ein. De foto's makke troch fotograaf Erik Hijweege lizze in typysk natuerferskynsel fêst. Dûnsjende protters dy't foarmen meitsje yn 'e loft. Se binne te besjen yn in nije útstalling yn it Natuermuseum Fryslân.
Alle foto's binne makke yn de Houtwielen, in natuergebiet krekt boppe de Grutte Wielen boppe Ljouwert. Yn coronatiid socht de út Amsterdam ôfkomstige Hijweege in nij ferskynsel om te fotografearjen.

Tornado's

Gewoanwei gie er nammentlik mei 'stormchasers' op 'en paad yn Amearika. Supercells, tornado's of rolwolken: hy hat se allegearre op de gefoelige plaat fêstlein.
"Het grootste gevaar bij de spreeuwen is dat je helemaal wordt ondergescheten. Dat is tijdens het stormchasen wel anders." As ien fan de chasers tsjin him sei dat se fuort wêze moasten, dan wie it ek serieus. "Dan kwam de tornado op ons af. Het zijn bliksemmachines."
Ien fan de protterfoto's fan fotograaf Erik Hijweege. © Erik Hijweege
"Spreeuwenzwermen zijn het. Honderdduizenden. Echt een weergaloos gezicht bij de Houtwielen." In freon fan Hijweege brocht him op it idee fan de protters yn it natuergebiet boppe de Grutte Wielen. "Sommige van die wolken spreeuwen lijken ook echt op stormen. Ik fotografeer ze ook alleen als wolk. Het is bijna poëtisch."
Yn coronatiid kaam de fotograaf hast alle jûnen nei de Houtwielen. "Die vriend van mij liet me slaapplekken zien. Het was spannend omdat de spreeuwen soms niet kwamen. Dan sliepen ze in bomen bij een boerderij verderop. Dan ben je te laat."

Underskiten

Nei de tiid moast er him dûse om wer skjin te wurden. "Ik ben nog nooit zo ondergescheten als destijds. Het is één grote wolk die over je heen komt. Ze laten wel wat vallen."
Erik Hijweege reizget as fotograaf de hiele wrâld oer foar syn langrinnende projekt 'Sublime nature'. Sûnt 2006 fertsjinnet er ynternasjonaal in soad respekt mei syn wurk as 'stormchaser'. Syn ferskate fotosearjes fertelle it ferhaal fan de krêften fan de natuer en it neatige fan de minsk.
De protters komme út alle rjochtingen nei de Houtwielen as Hijweege klearleit yn it gers om se fêst te lizzen. "Het riet is een veilige plek voor ze."
It Natuermuseum Fryslân yn Ljouwert is wiis mei de nije útstalling. "It is foar it earst dat wy mei in Nederlânsk-Fryske útstalling wurkje", seit museumdirekteur Froukje Hernamdt.
Dat is ek te sjen: de begeliedende teksten op de buordjes by de foto's binne yn it Frysk en yn it Nederlânsk. "Oars wie dat wol yn it Ingelsk en it Dútsk, no kieze wy foar it Frysk."
Fan tornado's nei protters
"Dit is echt in foarbyld fan datst natuer en keunst mei-inoar ferbine kinst. Al dy ferskillende bylden fan al dy grutte wolken. Dat is keunst mei in haadletter K."
Oan de jonge bern is ek tocht. "Hoe kin it dat al dy tûzenen protters yn de loft net mei-inoar yn botsing komme? Dêr wolle we de bern dúdlik meitsje mei help fan in spultsje."

Utstalling

De útstalling is fan sneon ôf te besjen en rint oant en mei 7 jannewaris takom jier.