Provinsje kiest foar rêst yn it kulturele fjild en ferlinget alle kultuersubsydzjes mei in jier

© Omrop Fryslân
De provinsje ferlinget mei in jier de subsydzje foar 36 kulturele organisaasjes yn Fryslân. De subsydzjeregeling rint ein takom jier ôf, mar kulturele organisaasjes kinne foar it jier dêrnei in oanfraach dwaan foar itselde subsydzjebedrach.
Mei-inoar giet it om sa'n 9,5 miljoen euro en dêrfan is 4 miljoen bedoeld foar de gruttere Fryske musea. De rest fan it jild giet nei in grut ferskaat oan kulturele organisaasjes lykas Tryater, Film in Friesland, Oerol, dûnsselskip Ivgi & Greben en Opera Spanga.

Nije regels

Troch it ferlingjen fan de subsydzje hat de provinsje mear tiid om te wurkjen oan fierdere ynfolling fan it nije belied foar de perioade 2026-2028. Der wurdt wurke oan nije regels foar it takennen fan subsydzje. It moat neffens de provinsje 'in robúste basisynfrastruktuer foar kultuer' wurde.
Wichtige kriteria foar it nije kolleezje binne jongereinpartisipaasje, it ferhaal fan Fryslân fertelle, gearwurking mei maatskiplike organisaasjes en in goed gebrûk fan de Fryske taal en kultuer.

Besuniging

De nije regels soene yn 2026 yngean moatte. Provinsjale Steaten hawwe der mei ynstimd om mei yngong fan dat jier 1,6 miljoen euro te besunigjen op taal en kultuer. Dat rôp in soad diskusje op yn de kulturele sektor.
"De nije koälysje hat sein dat der 17,5 miljoen ynsidinteel jild ynvestearre wurdt", seit kultuerdeputearre Sijbe Knol. "Wy sjogge wol kânsen foar de nije perioade om de ambysjes heech te hâlden."
Ivgy & Greben yn it Provinsjehûs as protest tsjin kultuerbesuniging © Omrop Fryslân
De earste reaksjes út it kulturele fjild binne posityf. "We binne hjir seker wiis mei", lit saaklik lieder Amarins Geveke fan dûnsselskip Ivgi & Greben wite. "Wy kinne yn alle gefallen troch."
"Ik bin wol bliid mei de dúdlikheid", seit direkteur Froukje Hernamdt fan Natuurmuseum Fryslân. It museum krijt 650.000 euro stipe fan de provinsje. Dat is folle minder as it Fries Museum, dat elts jier 3 miljoen krijt.
Hernamdt fynt dat net yn ferhâlding. "It Fries Museum krijt fiif kear safolle subsydzje, wylst se mar oardel kear safolle besikers hawwe. Ik gun it Fries Museum alles, mar ik moat ek goed op myn kolleksje, gebou en minsken passe." It Natuermuseum bestiet dit jier hûndert jier en is dêrom ien dei yn 'e wike fergees tagonklik foar eltsenien.