HEA! It wetter lûkt

HEA! Goeie Jirnsum
Foar Hilleke de Jong út Jirnsum is der neat moaiers as bûten wêze en it wetter op. It túnwurk moat dien wurde, mar dêrnei giet se fuort mei har man wer te boatsjefarren.
Op it wetter is it altyd moai. Fandêr dat se faaks ek op in wenark wenje. Frou De Jong komt fan oarsprong út Bilthoven. Se hat al hiel wat reizge, mar is no úteinlik yn Jirnsum prachtich teplak. Hielendal omdat se sa moai oan it wetter wenje.