Kwetsbere wylde beammen en strûken yn Fryslân op in attinsjelist

De 'schijnkraagroos' op Skylge, ien fan de soarten op de list © Rijksdienst voor het Cultureel Erfgoed
De glêde hagedoarn, de jeneverbei en it dúnroaske. It binne trije fan de 18 soarten wylde beammen en strûken dy't op in 'attinsjelist' mei kwetsbere soarten yn Fryslân set binne.
De measte fan dizze 18 soarten binne te finen op de Waadeilannen en yn de Noardlike Fryske Wâlden. It grutste part bestiet út wylde roazen en hagedoarnsoarten.
De attinsjelist is in oersjoch fan bedrige soarten yn ús provinsje. Dizze list is opset troch de Rijksdienst voor het Cultureel Erfgoed, yn gearwurking mei de advysburo's Wilde Bomen en Ecologisch Adviesbureau Maas en Landschapsbeheer Friesland.

Populaasjes groeie litte

In soad natuerlike boskfegetaasje is ferdwûn yn Nederlân, lit Landschapsbeheer Friesland witte. Fan hast alle wylde soarten binne noch mar lytse restpopulaasjes oer. Dy binne bygelyks noch te finen njonken beken, yn boskrannen en yn houtwâlen.
De rankroas is noch te finen yn de Noardlike Fryske Wâlden © Rijksdienst voor het Cultureel Erfgoed
By de attinsjelist wurdt ek tips jûn om der mei goed behear foar te soargjen dat de soarten yn stân hâlden wurde. Want troch goed behear kin it mooglik wêze om populaasjes wer groeie te litten.

Lânseigen soarten útstoarn

Yn ús lân komme sa'n hûndert soarten lânseigen beammen en strûken foar. Nei alle gedachten is de helte fan dy soarten bedrige yn it bestean. Der binne sels soarten al útstoarn.
It kûliselânskip mei syn houtwâlen en elzesingels bewarret in soad bysûndere soarten yn de Wâlden © Omrop Fryslân
Dat wylst just dy beammen en strûken tige wichtich binne foar it bioferkaat. De soarten hawwe ek in unike genetyske wearde, wêrtroch't se better tsjin feroaringen yn it klimaat en it miljeu kinne. By oanplante beammen is dy fariaasje folle lytser.
De folsleine provinsjale attinsjelist is te finen yn de Kennisbank fan de Rijksdienst voor het Cultureel Erfgoed.