De Sudertsjerke yn Snits wurdt sloopt om plak te meitsjen foar wenromte

De Sudertsjerke yn Snits © Google Street View
De Sudertsjerke yn Snits makket nei alle gedachten plak foar wenningbou. De protestantske gemeente hat de tsjerke ferline jier ferkocht oan in ûntwikkelder. It bart net sa faak, mar yn dit gefal sil der al in tsjerke sloopt wurde.
De gemeente Súdwest-Fryslân lit de helberens fan nijbou mei ûntwikkelder Frisoplan B.V. ûndersykje en stiet achter de plannen, mar hat wol guon ideeën oer hoe't it der út sjen moat.
It tsjerkegebou is yn 1889 boud, mar it sil dus ferdwine. "Het heeft wel een karakteristieke uitstraling, maar een monumentale waarde heeft het niet", seit wethâlder Michel Rietman. "Dan maak je andere afwegingen op het moment dat de kerk zelf geen woonbestemming kan krijgen. Dat is niet haalbaar. Daarom gaan we mee met de plannen."

Tinkrjochtingen

Súdwest-Fryslân hat de ûntwikkelder in tal 'tinkrjochtingen' meijûn. "Je kunt de robuuste vormen van de kerk terug laten komen in een soort appartementsvorm. En aan de overkant is de Prinsengracht, een beschermd stadsgezicht. Dat kun je als het ware spiegelen."
Ien fan dy twa opsjes hat de foarkar foar Rietman. "Maar stel dat het niet haalbaar is, dan stellen we voor het aan te laten sluiten bij de individuele panden op de Rienck Bockemakade."
Fierder lit de wethâlder witte dat it njonkenlizzende toiletgebou, dat wol in gemeentlik monumint is, gewoan stean bliuwt. Mei de bou moat dêr rekken mei holden wurde.