Liveblog
|
29 septimber
112-nijs 29 septimber: Ferwûne by stekynsidint yn Drachten | Drugs ûnderskept by Dokkum
Yn dit liveblog hâlde we dy op 'e hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.
Lêst bywurke: 29 septimber, 23:06
23:06
Stekynsidint yn Drachten
By in stekynsidint yn Drachten is in persoan ferwûne rekke. It barde neffens de plysje om 22.25 oere hinne flakby De Drift/it Reidingpark.
It slachtoffer is mei in ambulânse oerbrocht nei it sikehûs. De plysje docht ûndersyk nei wat der krekt bard is. Der is op dit stuit noch net in fertochte oanhâlden.
16:37
Grutte hoemannichte drugs ûnderskept by Dokkum
De plysje fan Amsterdam hat tongersdei in grutte hoemannichte drugs ûnderskept yn in bestelbus by Dokkum. Der binne twa fertochten oanholden: in 22-jierrige man út Amstelveen en in 30-jierrige man út Amsterdam.
De plysje wol fierder neat kwyt oer de saak omdat it ûndersyk noch rint. Wêrom't de plysje fan Amsterdam krekt yn Dokkum yn aksje kaam, is dus ek net dúdlik.
14:02
Skippers fan Risico en Wilhelmina foar de rjochter
It Iepenbier Ministearje ferfolget de 49-jierrige skipper fan de Risico foar dea troch skuld. Op dat skip bruts ferline jier de gyk ôf. Dêrby kaam de 12-jierrige Tara Flinterman om it libben.
De skipper fan it skip Wilhelmina moat ek foarkomme, mar dan by de kantonrjochter yn Ljouwert. Yn maaie ferline jier kaam by Skylge de gyk fan it skip nei ûnderen, wêrnei't in man ferstoar. It ferwyt oan de skipper is yn dit gefal minder earnstich, dêrom sjocht it Iepenbier Ministearje net genôch reden om de skipper te ferfolgen foar in misdriuw.
08:58
3 en 4 oktober gjin treinen tusken Ljouwert-Harns Haven

Op tiisdeitejûn 3 en woansdei 4 oktober ride der gjin treinen tusken Ljouwert en stasjon Harns Haven. Der wurde bussen ynset troch Arriva fanwegen wurk oan it spoar. Reizgers moatte rekken hâlde mei in langere reistiid fan sa'n 10-25 minuten. Arriva kin oanslutingen mei oar ferfier net garandearje.
08:43
Twadde fertochte fan sjitynsidint meldt him nachts by plysjeburo

De plysje hat in twadde fertochte oanholden yn ferbân mei in sjitynsidint op de Bleeklaan yn Ljouwert, ôfrûne moandei. It giet om in 51-jierrige man fan Ljouwert dy't him ôfrûne nacht sels op it plysjeburo kaam melden. De man wurdt heard, lit de plysje witte.
Koart nei it ynsidint waard der al in 45-jierrige frou út Ljouwert oanholden. Op de Bleeklaan waarden moandei meardere skotten lost. Der rekken gjin minsken ferwûne. De plysje hat fuortendaalks in ûndersyk opset.