Soargen by azc-dokter Balk: medyske screening ferfalt geregeld troch hege ynstream

Frank Meijer by it azc yn Balk © Omrop Fryslân, René Koster
Frank Meijer, dokter by it azc yn Balk, makket him soargen oer de ynstream fan minsken dy't net registrearre binne. Troch it grutte tal nijkommers ferfalt de medyske screening geregeld.
Gewoanwei krije asylsikers by it oanmeldsintrum yn Ter Apel in medyske screening. Mar troch de grutte ynstream komme sûnt koart ek minsken bûten dat trajekt om nei de azc's.
"Dat is zorgelijk, want stel dat iemand met een infectieziekte binnenkomt. Dat zou problemen kunnen geven in het centrum en zelfs bij de lokale bevolking", stelt Meijer, dy't dit wykein mei pensjoen giet.

Efterstannen

Gewoanwei folget binnen in pear dagen in medyske intake yn Ter Apel. Mar troch de efterstannen yn de registraasje en it fersprieden oer opfanglokaasjes, kin der ek in efterstân yn de screening ûntstean.
It ministearje fan Justysje en Feiligens joech earder oan dat de opfangkapasiteit ûnder grutte druk stiet en erkent dat dit gefolgen hat foar de medyske soarch. Guon belutsen organisaasjes neame it 'ûnferantwurde'.
It azc yn Balk © Omrop Fryslân
Yn it sintrum yn Balk wennet it grut ferskaat oan minsken. Syriërs, mar ek ynwenners út Irak, Iran, Somalië, Egypte en sels út Ruslân. "Je moet steeds switchen van cultuur en taal. Dat maakt het ingewikkeld, maar ook boeiend", sa fertelt Meijer.

Utdagingen foar in dokter

Guon minsken hawwe sykten dy't hjir eins al net mear foarkomme. "Denk aan tuberculose. Ik heb ook wel eens iemand met malaria gehad. We zien mensen met grote problematiek, denk aan ernstige posttraumatische stressstoornissen door bombardementen."
Oarlochsferwûningen hearre der ek by. "Amputaties, granaatscherven in het lichaam. Dat zie je natuurlijk niet in een gewone huisartsenpraktijk."
Dochs hat Meijer it wurk op it sintrum altyd mei in soad wille dien. "Mensen die bang zijn voor een azc moeten zelf eens komen kijken. Dit is echt een fijne gemeenschap waar je blij van wordt."
In lang, persoanlik petear mei Frank Meijer is snein yn 'Buro de Vries' te hearren, fan 11.00 oere ôf op de radio. Hy sjocht werom op syn medyske karriêre. Dy begûn yn Tanzania en Simbabwe. Letter folgen mear as tritich jier yn Balk en de lêste jierren yn it azc.
Meijer soe twa jier lyn al mei pensjoen, mar stelde dat út doe't it sintrum yn Balk langer iepen holden waard. No hâldt er wol definityf op.
Eins wol er gjin útspraken dwaan oer it langer iepen hâlden fan it azc yn Balk. Wol makket er in tal krityske kanttekeningen by it belied.
"Een centrum als dit kun je beter situeren bij grotere kernen met betere openbaar vervoer-verbindingen en met grotere huisartsenpraktijken in de buurt. Als het nodig is kan dan ook medisch veel gemakkelijker even worden bijgesprongen. De praktijk in Balk kan dat eigenlijk niet, die is al onderbemand."