Wiebe Kooistra moat noch wenne by Cambuur: "Ik bin dwerstroch as ik thúskom"

Wiebe Kooistra fêstige fuortendaalks syn namme troch foar SC Cambuur in punt te rêden tsjin FC Emmen. Dêrnei is de 17-jierrige fuotballer benammen dwaande mei wenne oan it betelle fuotbal.
Hast alle dagen stapt Kooistra moarns mei syn Cambuurtas yn bus 13 fan De Harkema nei Ljouwert. In rydbewiis hat er noch net en syn âlden kinne him ek net alle dagen nei Ljouwert bringe.
Trije jier lyn makke er de oerstap fan Harkemase Boys nei de jeugdoplieding fan Cambuur, mar dit seizoen brekt Kooistra echt troch by it earste alvetal. "It is moai om proffuotballer te wêzen", fertelt er oan de foarjûn fan de wedstriid tsjin Jong PSV.
De ôfrûne twa wedstriden, tsjin Willem ll en Jong FC Utrecht, moast it jonge talint misse fanwege sykte. Hy is werom foar it treffen mei de Eindhovenaren fan freed.
De earste moannen as proffuotballer befalle Wiebe Kooistra goed, mar binne ek swier
It is dus syn earste seizoen yn de haadmacht fan Cambuur. Troch de lette lykmakker yn de earste kompetysjewedstriid tsjin FC Emmen ken eltsenien no Wiebe Kooistra.
Dat fernimt de haadpersoan sels ek, om't er sa út en troch werkend wurdt. "Juster rûn ik fan de bushalte nei it stadion. Der wiene twa jonges dy't nei skoalle giene en my werkenden. Se seine: 'Hey Wiebe, hoe is it?'"
Ast hjir op freeds yn it stadion komst, krij ik alle kearen wer pikefel ast dy supporters sjongen hearst
Dat is it net allinnich. Ek it Cambuurpublyk hat him fuortendaalks yn de earms sletten en sjongt him alle thúswedstriden ta. It fielt hiel ûnwennich foar Kooistra. "Ik fyn it wol lestich om der mei om te gean, want safolle oandacht bin ik hielendal net wend. Dat fyn ik wol muoilik. Mar ek wol hiel leuk."
Je kinne sizze dat de bûtenspiler in stoomkursus proffuotbal krijt. Kooistra: "Begjinst deroan te wennen. Mar as ik der efkes by stilstean, is it hiel moai. Ast hjir op freeds yn it stadion komst, krij ik eltse kear wer pikefel ast dy supporters sjongen hearst."

Oant no ta foel Kooistra alle wedstriden yn, útsein de twa lêste dy't er fanwege sykte miste. In basisplak is de folgjende stap foar de Harkyt, al is dat no noch net realistysk. Fysyk sjoen moat de jongeling oanpoatsje.
"Ik ha de 'ûnder-21' oerslein, dus ik moat fysyk echt oansette", fertelt Kooistra. "Ik ha in protte spierpine. En gewoanwei as ik thúskaam fan it trainen wie ik jûns noch wol aktyf. No bin ik dwerstroch as ik thúskom, dan wol ik eins it leafst op bêd."

"Vaak als jonge spelers bij een eerste elftal komen is alles leuk in het begin, maar komt er na een tijdje een kentering. Het wordt rustiger, minder opvallend en minder fris", fertelt trainer Sjors Ultee fan Cambuur.
"Wiebe is heel onbevangen"
Hy sjocht dat Kooistra it fysyk sjoen somtiden dreech hat. "Maar als je hem ziet voetballen, is de frisheid er nog steeds. Het is een heel onbevangen speler, die heel goed omgaat met zijn rol", seit Ultee.
Neffens de Cambuurtrainer moat de 17-jierrige Harkyt mear minuten spylje, ek by de beloften. "Voor de volgende stap heb je meer inhoud nodig om het lang te kunnen volhouden. Daarom is het belangrijk voor hem dat hij gaat spelen bij de onder 21. Dan kun je die inhoud gaan pakken."
Dat dat wat mear tiid kostet, is neffens Ultee hiel logysk. "Als we dat samen goed blijven opbouwen, hebben we hier een mooie toekomst met Wiebe."
Rentree
Tsjin Jong PSV makket Kooistra syn rentree yn de wedstriidseleksje. Hy fynt dat Cambuur wat rjocht te setten hat nei de nederlaach yn Utrecht ferline wike. "We moatte wol punten helje. Ik tink dat we goed traind hawwe, dus dat it wol goedkomme sil."
Miskien giet Kooistra freed wol wer mei de bus nei de klup. As it goed is, giet er net hiel lang mear mei it iepenbier ferfier. Dizze wike helle Kooistra syn teory fan it autorydbewiis. As ek it praktykeksamen ynkoarten helle wurdt, feroaret it deistige busritsje fan Kooistra yn in reiske mei de auto.
De wedstriid tusken SC Cambuur en Jong PSV begjint freedtejûn om 20.00 oere. It is live te folgjen yn in ekstra sportprogramma by Omrop Fryslân op de radio. Dat set om 19.45 oere útein. Sportferslachjouwer Andor Faber fersoarget it kommentaar út it Cambuur Stadion wei.
In wiidweidich ferslach fan de wedstriid is sneon werom te sjen yn it Cambuur Sjoernaal by Omrop Fryslân.