Hylper rekreaasjewenten hurder oanpakt, kolleezje bang foar juridyske striid

Tsjerk Bouwhuis fan FNP Súdwest-Fryslân © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
De gemeenterie fan Súdwest-Fryslân hat ynstimd mei in amendemint om yllegale ferhier yn Hylpen better oanpakke te kinnen. It kolleezje ferwachtet dat dat rjochtsaken opsmyt.
De FNP tsjinne in moasje yn om guon útsûnderingen foar rekreative wenningen út de plannen te heljen. De partij fynt dat it yllegale ferhier beleannet.
Want op de wize dy't no yn it plan stiet, seit de partij, wurdt dat tydlik tastean: "Dat skept presedintwurking foar oare plakken dêr't no ek yllegaal wenningen rekreatyf ferhierd wurde", seit Tsjerk Bouwhuis fan de FNP.
De gemeenterie fan Súdwest-Fryslân © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Foar huzen dy't troch de eigener as twadde wenning brûkt wurde, wurdt yn it oarspronklike plan in útstjerkonstruksje tapast. Dat betsjut dat wannear't de wenning fan eigener wikselet, dat er net langer as twadde wenning brûkt wurde mei.
Foar wenningen dy't foar de kommersjele ferhier brûkt wurde, wurdt in ekstra regel opnaam. Wannear't dizze wenten in jier lang net ferhierd wurde, ferfalt de mooglikheid dizze wenning noch te brûken foar ferhier.
Hylpen © Hayo Bootsma, Omrop Fryslân
No wurdt bygelyks de regel út it plan skrast dat in wenning dy't ûnder it bestimmingsplan 'Wenjen' falt, brûkt wurde mei as rekreatieve wenning. Ek meie rekreaasjewenten dy't no net as rekreaasjewenning registrearre stean, net mear as rekreaasjewenning tsjinje.

'Lange, juridyske striid'

It kolleezje riedt dizze oanpassing ôf. Wethâlder Bauke Dam: "De gemeente hat mei ynwenners fan de stêd Hylpen yntinsyf gearwurke om ta dit bestimmingsplan te kommen. Mei it oannimmen fan it amendemint lizze wy patsboem it hiele partisipaasjeproses oan de kant."
Ek bestiet de kâns dat eigeners fan wenten dy't no ûnder de útstjerkonstruksje falle by it oannimmen fan it amindemint yn berop sille tsjin de gemeente. Dat soe neffens de wethâlder in soad ekstra tiid kostje om de Hylper problemen op te lossen: "In lange, juridyske striid mei in protte ferliezers", seit Dam.
Wethâlder Bauke Dam fan Súdwest-Fryslân © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Yn it partisipaasjeproses hat oerlis plakhân mei it Pleatslik Belang Hylpen, Stichting Stadsherstel Hylpen en Vereniging Promotie Hylpen. In oantal ynwenners fielt har dochs net heard.
Yn de riedskommisje fan 12 septimber sprutsen twa ynwenners yn. Jongerein fiele dat sy net oan in hûs komme kinne en in ynwenner fertelde dat hierders klage oer lûd fan de bernsbern of de gersmeaner.
It sil grif in dreech trajekt wurde.
Tsjerk Bouwhuis, FNP Súdwest-Fryslân
Bouwhuis is der net bang foar dat it amendemint it fraachstik yn Hylpen no fierder fertraget: "It sil grif in hiel dreech trajekt wurde. De útslach fan dit riedsfoarstel hie hoe dan ek nei de Rie fan State tagean."
Hy ferwachtet dat eigeners fan 'yllegale rekreaasjewenten' no nei de Rie stappe: "Oars hie de oare partij dat wol dien. De Rie fan Steat en de rjochter sille bepale wat goed is. Wy binne derfan oerstjûge dat wy it goed dien hawwe."