Yn heger berop taakstraffen foar trije dieders mishanneling Froubuorren

It hôf hat yn heger berop taakstraffen útdield oan trije dieders foar de mishanneling fan twillingbruorren Wander en Jelle de Haan. De twilling waard fiif jier lyn op in festival yn Froubuorren yn elkoar slein troch trije manlju.
In man út Stiens (34) dy't Wander mishannele hat kriget in wurkstraf fan 120 oeren foar besykjen ta swiere mishanneling. Twa bruorren fan 35 en 32 jier út Froubuorren dy't Jelle mishannele hawwe, hawwe elts 240 oeren wurkstraf krigen foar besykjen ta deaslach.
Dat binne legere straffen as de eask fan justysje, dy't foar swiere mishanneling sân moannen sel easke. "Voor alleen een taakstraf is dit te ernstig", sei se earder.
"In taakstraf, dat hienen we net ferwachte", seit Jelle de Haan. "Mar wy binne wol tefreden dat twa fan de trije feroardiele binne foar besykjen ta deaslach. Dat is hoe't wy it ek field ha. Wy hoopje dat der no in punt efter set wurdt en dat it wer rêstich wurdt yn it doarp."
Earder selstraf
De trije manlju wurde oppakt en yn augustus 2020 foar it besykjen ta deaslach feroardiele ta in jier sel, dêr't in healjier fan ûnder betingst wie. Skrokken fan de hege selstraf geane se yn heger berop.
De dieders woene absolút de sel net yn. It hôf hat der rekken mei holden dat it feit yntusken lang lyn plakhie en dat de dieders harren ferantwurdlikheid erkend hawwe.
Boppedat spile foar de útspraak foar it hôf mei dat de dieders no in stabyl libben hawwe. "Ze hebben hun leven op orde en een stabiel gezin."