HEA! Nea te âld om te wurkjen

HEA! Gradus Wildeboer sollistearre op syn 87e
Doe't de houthannel dêr't hy wurke ophold, kaam Gradus Wildeboer thús te sitten. Dat is neat foar him, dus sollisitearre hy op in baantsje by in recyclebedriuw yn Easterwâlde. Dêr seagen se wol wat nuver op, want Gradus is al 87 jier.
Mar hy krige it wurk wol en dat foldocht alle partijen tige goed. Ien dei yn 'e wike helpt hy mei skiede, opromje, ynpakke en allerhanne technyske putsjes.
Wildeboer is noch goed fit en by de tiid. Ek mei moderne kommunikaasjesmiddels wit hy him goed te rêden. De baan by it recyclebedriuw helle hy fan Facebook en hy appt geregeld mei syn susters dy't ek aardich op jierren binne.