Van Eysinga-begraafplak yn Wurdum opknapt: "Ik wol hjir begroeven wurde"

© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
It begraafplak fan de aadlike famylje Van Eysinga by Wurdum is nei jierren fan fertutearzing opknapt. It is tagonklik foar publyk en der is in boerd ûntbleate mei ynformaasje oer it plak en de famylje.
Woansdei wie de offisjele oplevering op it plak dêr't eartiids de stins Jousmastate stie. De earste Van Eysinga is der yn it begjin fan de 19e iuw begroeven. Foar syn neikommeling, jonkhear Tjalling van Eysinga, is it in plechtich momint en in bysûnder plak.

Langwar en Sint Nyk lizze it ôf by Wurdum

"Ik wol hjir graach begroeven wurde. Want yn tsjinstelling ta de Buma's en de Dorhouts hienen wy net in eigen begraafplak. Us heit en mem lizze bygelyks yn Langwar en in neefke fan my, dy't as lyts jonkje ferûngelokke is, leit op ús lângoed yn Sint Nyk. Dêr is ek in lyts begraafplakje."
Leden fan de Stichting ûntbleatsje it nije ynformaasjeboerd © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Van Eysinga soe ek yn Langwar begroeven wurde kinne. "Mar ik sei tsjin myn frou: as wy dit wer hielendal yn oarder hawwe, is it hartstikke leuk as wy hjir sels miskien ek hinne kinne."
It âlde begraafplak fan de famylje Van Eysinga is opknapt en tagonklik
Koartlyn hat it plak de monumintestatus krigen fan de gemeente Ljouwert. De skiednis komt hjir no wer ta syn rjocht, fynt de stichting Jousmastate dy't foar it opknapprojekt nij libben ynblaasd is.

"Unyk plakje"

"Troch subsydzjes is it wer goed kommen", seit Bearn Bilker, bestjoerslid fan de stichting Jousmastate. "It lei der hjir raar en fertutearze by. De muorren moasten wer bymetsele wurde, want dy sakken fuort. Hjir hat eartiids in stins stien mei in grêft der omhinne. It is echt in unyk plakje."
Tjalling van Eysinga by it grêf fan syn foarâlden © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Frans Julius Johan van Eysinga (1752-1828) kaam hjir te lizzen, neidat it ferbean wie om minsken yn de tsjerke te begraven. "Hy is hjir mei de boat hinne brocht", wit Tjalling van Eysinga.
"Dy famyljes hienen faak in winterhûs yn Ljouwert, want de stinzen en states wienen winters net waarm te krijen. Dus gie hja mei de hiele famylje nei de stêd. En hy is dus ek út de stêd wei hjirhinne brocht. Dat gie doe noch mei in boat en hy is de earste dy't hjir begroeven is."
Portret fan Frans Julius Johan van Eysinga © wikipedia
Der komt op it plak noch in kelder foar urnen. Fyftjin minsken kinne der byset wurde en dy hoege net fan adel te wêzen.