Hester is noch lang net better nei corona: "Ik dacht: dit is niet mijn leven"

Noch altyd wrakselje minsken mei de gefolgen fan corona. In oplossing foar long covid-pasjinten is der foarearst net. Hester Berkelmans út Ljouwert siet lang thús mei klachten, mar wurket sûnt koart wer.
Hester wurdt yn it begjin fan 2022 siik troch corona. Se hat dan al in prik tsjin it firus en de dêropfolgjende booster hân. As de ferkâldheidsklachten ôfnimme, besiket se wer oan it wurk te gean.
Mar it wurkjen hâldt se net fol: "Toen ben ik omgevallen, bijna letterlijk. Ik kon niks meer." Hester kin yn dy tiid gjin prikkels ferwurkje. Tekst en muzyk is har al tefolle. De húsdokter kin net folle mear dwaan as Hester te advisearjen rêst te nimmen.
"As dit myn libben is..."
Se is de ried te'n ein as har situaasje moannen letter noch net ferbettere is. "Het is verschrikkelijk. Ik kon niks en dat duurde ook best lang. Ik was een jaar geleden nog zover dat ik dacht: van mij hoeft het eigenlijk niet meer. Als dit het is: dit is niet mijn leven. Dit wil ik eigenlijk niet meer."
Hester Berkelmans siet lang thús mei coronaklachten
Dochs komt der ljocht oan de ein fan de tunnel. Hester kin wer teksten skriuwe en dat is wichtich yn it wurk dat se docht. Se is koördinator op de marketingôfdieling fan it Oerol festival.
Om't se foar dy baan benammen op Skylge wêze moat en it reizgjen te swier is, siket Hester in oar plak om te reyntegrearjen. Har âlde wurkjouwer, skouboarch De Harmonie, doart it oan om Hester in tal oerkes yn de wike wurkje te litten.

"Dat is echt zo ontzettend fijn, omdat ik heel veel dingen al weet. Er werkt ook een aantal nieuwe mensen die ik nog niet kende, maar dat is een goede mix om weer te re-integreren. Ik merk dat het me heel goed doet. Ik merk dat ik stappen maak in het gelukkiger worden", seit Hester.
Spannende stap
Foar De Harmonie is it ek in wichtige stap. "Omdat je iemand binnenhaalt van wie niet duidelijk is of diegene ook inderdaad helemaal gaat re-integreren", seit Coromandel Brombacher as nije wurkjouwer.
"Maar ik vind het persoonlijk en als werkgever erg van belang dat mensen terug kunnen komen op een goede manier in de maatschappij. We kijken samen wat er kan en daar maken we goed afspraken over."
Ik ben ook de moeite waard als ik niet alles kan wat ik vroeger kon.
It wer ûnder de minsken wêzen en it gefoel ha dat je wer wat betsjutte kinne, dat is foar Hester wichtich.
Sy tinkt net dat se oait wer hielendal better wurdt, mar sy kin dat no wol better akseptearje. "Ik ben ook de moeite waard als ik niet alles kan wat ik vroeger kon."
Stilstean by corona
Om stil te stean by de gefolgen fan de krisis hat in spesjaal nasjonaal komitee in tentoanstelling opset. It komitee hat mei opsetsin net keazen foar in monumint of betinking, mar foar in tentoanstelling. Fan freed ôf reizget dy by alle provinsjes del.

In betinking soe neffens Hester ek te betiid komme. "Ik ben nog een van degenen met wie het langzaam beter gaat. Maar er zijn ook mensen met wie het helemaal niet beter gaat. Er gaan zelfs nog steeds mensen dood aan corona."
Hester soe leaver sjen dat der mear jild stutsen wurdt yn wittenskiplik ûndersyk om corona genêze te kinnen. "Maar ik denk dat het ook belangrijk is dat er aandacht voor blijft."